Springe nei ynhâld

Wikselkoers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2020 om 10.20 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De wikselkoers is de priis fan in munt útdrukt yn dy fan in oare munt. In wikselkoers fan bygelyks 1,33 dollar foar 1 euro betsjut dat 1,33 Amerikaanske dollars likefolle wurdich binne as ien euro. En dat 1 dollar in wearde hat fan 75 eurosint.
Wikselkoersen spylje in grutte rol by de ynternasjonale hannel mar hawwe ek ynfloed op de binnenlânske ekonomy. Oerheden en sintrale banken hâlde dêrom de wurking fan de falutamerken goed yn de gaten, de merk dêr't wikselkoersen ta stân komme.