Springe nei ynhâld

Geke Faber

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jul 2023 om 14.31 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Wat oanfolle mei resinte ynformaasje. 'Belêst mei natoerbehear, fiskerij en fiedingsoangelegenheden' ferwidere (is nochal logysk as steatssekretaris Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij). It liket der op dat hja noch yn Sânhuzen wennet, dus dat sa litten, ek al bin ik der net sa foar om soks by libbene minsken te melden want wy krije hjir gjin adreswizigingen en der feroaret gauris wat.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Geke Faber yn 1985

Geesje Hendrika (Geke) Faber ('s-Graveland, 5 augustus 1952) is in Nederlânsk PvdA-politikus, dy't yn Sânhuzen wennet.

Faber wie sjoernaliste foar in bedriuwsblêd, foardat hja yn 1978 bestjoerslid waard fan de Reade Froulju yn de Partij fan de Arbeid en lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn de jierren 1990-1998 wie hja boargemaster fan Seewâld.

Yn 1998 waard Faber steatssekretaris fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij yn it kabinet Kok II.

Dêrnei wie hja waarnimmend boargemaster fan Wageningen en sûnt 18 oktober 2005 oant juny 2007 fan De Helder. Op 1 oktober 2007 waard hja boargemaster fan Saanstêd. Geke Faber makke op 1 maart 2016 bekend as boargemaster fan Saanstêd te stoppen. Oant 1 oktober dat jier bleau hja noch yn funksje.[1]

Yn 2022 krige hja it fersyk om ûndersyk te dwaan nei de politike swierrichheden tusken de gemeenteried fan Skylge en boargemaster Caroline van de Pol.[2]

Geke Faber is troud mei âld-politikus Hero Werkman.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: