Springe nei ynhâld

Woffer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 okt 2024 om 21.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
woffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje reagerfûgels (Ardeidae)
skaai reiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus minutus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De woffer of lytse reiddomp (Botaurus minutus, foarh. Ixobrychus minutus) is in fûgel út de famylje fan de reagerfûgels of reagers. Hoewol't de woffer earder geregeldwei yn Fryslân ta brieden kaam, is er tsjintwurdich benammen troch it ferdwinen fan de biotoop in seldsume ferskining.

De woffer is mei syn heechút 40 sm lingte en spanwiidte fan 40-58 sm, de lytste hjir foarkommende reagersoart. Se hawwe in koarte nekke. It mantsje hat in swarte rêch, swarte flerken mei yn it midden in grut wyt fjouwerkant. It wyfke is wat bruner, sawol op de rêch as op de flerken, mei in ljochtbrún fjouwerkant ynstee fan wyt. De jongen fan de Woffer hawwe ynearsten in brún/wyt skutkleed. (sjoch foto)

De woffer hat in foarkar foar sompige reidfjilden, by foarkar mei in fariaasje yn 'e fegetaasje: reid, oare wetterminnende planten en beamme-opslach dêr't er maklik en beskûle oan syn miel fan ynsekten, fiskjes, kikkerts en salamanders komme kin.

Spesifyk gedrach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woffer klauteret en klimt troch de reidfjilden. It mantsje makket (benammen) yn de maaitiid in blaffend lûd, dêr't er sûnder mis syn Fryske namme oan te tankjen hat.

Der binne 4 ûndersoarten:

  • Botaurus minutus minutus (Linnaeus, 1766). Jeropa, Aazje, Noard-Afrika (trekfûgel).
  • Botaurus minutus payesii (Hartlaub, 1858). Saharagebiet, Afrika (stânfûgel).
  • Botaurus minutus podiceps (Bonaparte, 1855). Madagaskar, (stânfûgel).
  • Botaurus minutus dubius (Matthews, 1912). Austraalje, Nij Ginea, (stânfûgel), wurdt tsjinwurdich as aparte soarte "Australyske woffer" (Ixobrychus dubius) besjoen.

Ek de útstoarne Nij-Seelânske woffer (Botaurus novaezelandiae) waard earder beskôge as in ûndersoart fan de Woffer.

Aaien fan 'e woffer.