Springe nei ynhâld

Donkerbroek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 okt 2008 om 17.41 troch SieBot (oerlis | bydragen) (Bot - derby: en:Donkerbroek)
Donkerbroek
Himrik fan Donkerbroek
gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 43
Ynwenners (2006) 1878
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 1' NB, 6° 14' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8435
Webstee donkerbroek.nl

Donkerbroek is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, noardwest fan Easterwâlde oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. It doarp hat likernôch 1.878 ynwenners.

Donkerbroek is ien fan de âldste delsettingen yn súd-east Fryslân. It is boud op in pear hege sânrêgen. De âldste fermelding fan it doarp stiet yn twa oarkondes fan 13 july en 15 july 1408 oer in skeel mei de Biskop fan Utert oer de hier fan healannen. Yn de oarkondes wurdt it doarp Dungebroek en Dongbroec neamd. In pear kilometer benoarden it doarp lei om 1850 hinne de skâns Breeberch.

Lâns Donkerbroek rint de toeristyske rûte De Fryske Wâlden. Troch it doarp rint de Opsterlânske Kompanjonsfeart dy't diel útmakket fan de Turfrûte. Om Donkerbroek hinne leinen grutte bosken en heide fjilden. No is hjir allinnich, op rinôfstân fan it doarp, it lângoed Ontwijk fan oer. Hjir is op in beheind oerflak in stalekaart fan it eardere gea werom te finen yn de foarm fan bosk, leanen, heide en puoltsjes. Der binne ek oerbliuwsels fan in hurdfytsbaan en in iepenloftteater. Yn de bosk libje in tsiental reeën en in protte soarten boskfûgels. Yn de heidemarkes sitte brune- en griene kikkert en libellen as fjouwerflek, noardske wytsnút en grutte keizer.

Yn Donkerbroek wurdt fan oarsprong Stellingwerfsk sprutsen. Yn de 20e ieu ûntstie in sterke Fryske ynfloed. Om Donkerbroek hinne binne in soad prehistoarysje fysten dien, benammen út de brûnstiid. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

De Mienskip

Donkerbroek hat in feriening foar doarpsbelang dat byinoar komt yn doarpshûs "Oan 'e Feart". Oer it doarp binne in trijetal DVD's makke. Foar de jierren 2005-2015 is in doarpsfyzje skreaun. Sa sil der bygelyks in mienskipssintrum, in passantehaven en wenningbou komme moatte. It doarp hat twa basisskoallen: 't Startblok en De Peggebult. Foar fuortset ûnderwiis binne de bewenners oanwiisd op Waskemar en Easterwâlde. Der ferskynt ek in doarpskrante: Op'e Hichte.

De tsjerke fan Donkerbroek út 1714

Befolking:

Ferieningen

  • Sin en Wille - biljerten
  • Damklup
  • Excelsior - muzyk
  • De Kleine Dobber - fiskjen
  • De Nachtdravers - Aldjiersploech
  • Omniferiening Donkerbroek - fuotbal, gymnastyk, kuorbal en folleybal
  • Spilersnocht - toaniel
  • Dûnsnocht - folksdûnsjen
  • Looft den heer - sang
  • De Bazuin- brassband

Iepenbier Ferfier

Line fan ferfierder Arriva:

Strjitten

’t Hoogezand, ’t West, Balkwei, Bokkekampswei, Boppenfjild, Boppenwei, Brunstingwei, Buersterleane, De Pegge, Feartwei, Fruitier de Talmawei, Geert Wolter Smitwei, Hanestreek, Helmholtstrjitte, Hearrewâl, Hearenwei, Kapelwei, Tsjerkereed, Kleasterwei, Koelandswei, Laurentiusstrjitte, Leidyk, Mandewei, Molewei, Moskou, Moskoureed, Nijhof, Alde Hof, Peelrug, Petersburch, Posthúswei, Skânsmarwei, Skieppedrift, Skoalstrjitte, Stobbepoelwei, Tjabbekamp, Feart Eastside, Feart Westside, Van Zandenstrjitte, Fearhûswei, Vicariestrjitte, Vosseheer, Wemerstrjitte, Wilpkamp

Sjoch ek

Keppelings om utens