Springe nei ynhâld

Boazum

Ut Wikipedy
de himrik fan Boazum

Boazum is in doarp yn it súdeasten de gemeente Littenseradiel, net fier fan de Swette, mei likernôch 320 ynwenners. Der is ek in basisskoalle, de gearwurkingsskoalle 'Dûbelspan', en in pjutteboartersplak Krobbehonk. Der rydt alle oeren in bus (fan Ljouwert nei Snits dy't stopt by de halte Yndyk, ûngefear ien kilometer fan it doarp.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Boazum diel út fan de gemeente Baarderadiel.

De tsjerke fan Boazum is ien fan de wichtichste en moaiste romaanske tsjerkegebouwen yn Fryslân út de 12e ieu.

De Wylgen is in monumintaal gebou, dat brûkt waard as fakânsjewente foar húshâldingen mei in handikapt lid fan de húshâlding. Dizze wente wie troch frou Gezina H. Volkers silger skonken oan it Prinses Beatrix Fûns mar wurdt no brûkt as partikulier hûs.

In ferneamde Boazumer wie Eelko Alta (1723-1798). Syn wurk Philosophische Bedenkingen over de Conjunctie van de Planeten Jupiter, Mars, Venus, Mercurius en de Maan. Op den Agtsten May 1774. staande te gebeuren, en wel over de Mogelyke en Waarschynelyke Sterre en Natuurkundige Gevolgen deezer Conjunctie (1774) waard lang sjoen as de reden foar Eise Einga om yn itselde jier syn planetarium te bouwen, mar resint ûndersyk hat dêr in oar ljocht op smiten.[1] Alta wie ek in pionier op it terrein fan de yninting fan fee.

Mienskip

Boazum hat in Stifting Doarpsmienskip dy't eigener is fan it doarpshûs. Yn doarpshûs 'De Boazumer Mjitte' is in soad te rêden. Yn 1993 is in steatlike gebou mei help fan it hiele doarp renovearre. Yn septimber is der in diskedei. Tsien kear yn't jier ferskynt it doarpskrantsje de "Doarpsskille" mei in earder in soad histoaryske artikels.

Ferienings

  • Keatsferiening
  • De Harmonie - toaniel
  • Fûgelwacht
  • Lyts Begjin, Kromme Keu en De Trekkertjes - biljerten
  • Stifting 'de Nacht fan Boazum'
  • Folksdûns en Fluitclub
  • Oan 'e râne - darts
  • KF Boazum - keatsen

Befolking

Strjitten

Altaplein, Blaukeesje, Bongier, De Havens, De Kamp, De Pôle, De Trochsnijing, Dokter Miedemastrjitte, Flearen, Hegedyk, It Heech, It Oerd, Makkum, Singel, Slachtedyk, Suderdyk, Sylsterdyk, Tanialeane, Tryntsjebuorren, Tsjerkebuorren, Waltawei, Yndyk.

Oer Boazum

  • P. Breuker -Skoalmasters fan Boazum

Ferwizings

  1. Huib J. Zuidervaart, Speculatie, wetenschap en vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), instrumentmaker te Leeuwarden (Ljouwert: Fryske Akademy, 1995).

Sjoch ek

Keppeling om utens