Springe nei ynhâld

Conakry

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 jul 2010 om 18.21 troch TXiKiBoT (oerlis | bydragen) (Bot - derby: nl:Conakry)
Lizzing KOnakry yn Gunee

Konakry is de haadstêd fan Guinee. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan en der wenje ûngefear 2.000.000 minsken (2002).

Konakry is de grutste stêd en it bestjoerlik en ekonomysk sintrum fan it lân. De ekonomy draait foar in grut part om de haven, dêr't fral aluminium en bananen mei it skip ferfierd wurde. Der is in beskieden ferwurkjende yndustry dy't rjochte is op fiedings- en genietmiddelen en op tekstyl.

Skiednis

Konakry ûntwikkele him op it eilân Tumbo oan de ein fan it skiereilân Kaloem, dêr't fia in lâningte mei ferbûn is. Offisjeel waard it stiften troch de Ingelsen dy't it letter oan Frankryk yn 1887 ôfsteane. It waard haadstêd fan Frânsk Guinee yn 1904, en bloeide as eksporthaven, fral neidat de spoarwei nei Kankan iepen waard. De spoarwei is wyls sletten.

Nijsgjirrichheden

It oansjen waard binne it Nasjonaal Museum, de protte merken, it Palais du Peuple, de Grand Mosque, it nachtlibben en it tichtby lizzend Iles de Los. De stêd is ek bekend om syn botanyske tunen.

Berne