Springe nei ynhâld

Kuzemerbalk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 jul 2010 om 16.02 troch Wikix (oerlis | bydragen) (-kat)
Kuzumerbalke

Kuzemerbalke is in buorskip yn de gemeente Gruttegast, yn it Westerkertier fan de provinsje Grinslân. It leit krekt ten suden fan Sebaldebuorren.

De namme ferwiist oan de iene kant nei it kleaster fan Kuzemer, en oan de oare kant nei in balke (in smelle brêge) oer it wetter. Dêr't no it Wolddjip rint, streamde eartiids in smeller wetterke. Oer dat wetter lei in houten balke, in smelle loopbrêge. Fia dizze balke koenen de kleasterlingen nei De Jouwer, dêr't it kleaster lannerijen hie.

De âlde balke bestiet net mear. Nei alle gedachten leit dizze krekt benoarden de hjoeddeiske fuotbrêge oer it Wolddjip.