Springe nei ynhâld

Dedzjum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 des 2010 om 18.57 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (Skiednis: fan de webstee)
Dedzjum
Flagge fan Dedzjum Wapen fan Dedzjum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dedzjum
Gemeente Wûnseradiel
Ynwennertal (2004) 93
Webstee http://www.parregea.nl

Dedzjum is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, besuden Boalsert. It doarp hat likernôch 93 ynwenners (2007).

Skiednis

Yn 855 wurdt it doarpke al neamd. De lânhear Folker jout dan lân oan it Dútske kleaster yn Werden. Der wurdt dan skreaun oer "Deddingiuuerbe", wat op in eigennamme (Deddingi) wiist. Neffens de ûndersiker Jan de Cock silger soe dizze namme wize op in ferbân mei adellike lju út Thuringen, dy't troch de Karolingen yn Fryslân bejeftige waarden mei grûnbesit nei de oerwinning fan de Franken op de Friezen. It soe yn dit gefal gean om de famylje fan de Immedingen. Net eltsenien is it mei De Cock iens, mar it is wol opmerklik, dat it earste part fan dy famyljenamme, Imme, ek yn dy fan it plakje Ymswâld sit. In oare persoansnamme út dy famylje fan de Immedingen, Abbo, sit yn Abbegea. En Abbegea en Ymswâld lizze beide tichte by Dedzjum. As it wier is, hâldt it ek yn, dat de niisneamde plakken der al wienen yn de 8e ieu. Dedzjum ûntstie yn elts gefal oan de boppeloop fan de rivier de Marne, dy't by Kimswert yn see útkaam. It doarpke past dêrom moai by plakjes as Hieslum, Parregea en Tsjerkwert, dy't yn deselde tiid ûntstien binne. It is ek net útsletten, dat der út it rivierke wei nei it suden ta in kanaal groeven is nei Warkum ta. Sa kaam Dedzjum in skoftlang oan in belangryk pleatslik farwetter te lizzen.

Dedzjum hat yn de 13e ieu in bakstienen tsjerke krigen. Dat gebou is ek noch op de tekening fan 1790 te sjen. Yn 1889 is it âlde gebou ófbrutsen en de sealdaktoer is by de nijbou ferfongen troch in spits. Yn de âlde toer hong in klok út 1654. Yn 1890 kaam der in nije klok. Dy is yn 1943 troch de besetters rôve. Nei de oarloch kaam der in oarenien.

Dedzjum lei mei it útbuorrentsje Arkum eartiids yn de Arkumerhim, in binnenpolder yn de rige fan de himmen tusken Makkum en Raerd. Neffens de wettersteatsdeskundigen Klaas Rienks en Georg Walther hearde de krite fan Arkum en Dedzjum earst by de folie gruttere Ymswâlderhim, mar omdat it om in úthoeke gyng, is der in dyk lein tusken Maskeboersherne en Tsjerkwert. It ein dyk dat de Ymswâlderhimn omsleat, waard hjirmei in stik koarter, mar it betsjutte wol, dat de dyk fan de Arkumerhim úteinlik net sa heech waard as dy fan de Ymswâlderhim. De einierden fan de lytse delsettinkjes Arkum en Dedzjum sille de kosten dêrfan net opbringe kind hawwe. De skieding soe neffens Rienks en Walther al yn de 12e ieu plakfûn hawwe.

De âlde roomske parochy Dedzjum is nei de Reformaasje yn 1580 kombinearre mei Parregea en Hieslum. Dy sitewaasje hat lykwols net sa lang duorre, want al yn 1617 is Dedzjum by Tsjerkwert kommen, en dat is dêrnei ek sa bleaun. len fan de opmerklikste dûmny's wie Abraham Walsweer, dy't fan 1645 oant 1678 yn Tsjerkwert en Dedzjum stie. Hy moast him ferantwurdzje dat er spul stellen hie út it hûs fan famylje yn Boalsert. Mar ek syn houlik mei de dochter fan in lommertbaas waard him swier oanrekkene. Sa'n ien koe net iens lidmaat fan de tsjerke wêze, lit stean in dûmny, sa fûnen guont. Mar Walsweer hie as ferwar, dat skoanheit syn rykdom te tankjen hie oan besit yn Savoye en oan in oandiel yn in rederij. Noch nuver, dat er it mear as tritich jier yn Tsjerkwert en Dedzjum úthâlden hat.

Opmerklik genoch hat der yn it lytse doarp ek al hiel lang in skoalle west. Yn 1615 wurdt der yn Dedzjum al in skoalmaster neamd, Lieuwe Haarmens. Yn de `Tegenwoordige Staat' dy't ferskynde koart foar't Gardenier Visscher syn tekening makke, wurdt Dedzjum neamd, dat leit tusschen de Workumer jaagvaart en het Sensmeer, in een polder, benevens de buurtjes Arkum en Ysgum, waarvan het water door de Dedgumer- en Spakezyl ontlast wordt. Der hearre ûnder Dedzjum njoggen stimdragende pleatsen.

Ferskaat

Befolking

Strjitten

Arkumerleane, Bueren, Fiskersbuorren, Ysgumerwei, Krabbedyk.

Sjoch ek

Keppeling om utens