Springe nei ynhâld

Boazum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 des 2010 om 08.46 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (Mienskip: behear)
Boazum
Flagge fan Boazum Wapen fan Boazum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boazum
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2007) 320
Webstee Webstee fan Boazum
Sint-Martinustsjerke yn Boazum

Boazum is in doarp yn it súdeasten de gemeente Littenseradiel, net fier fan de Swette, mei likernôch 320 ynwenners. Der is ek in basisskoalle, de gearwurkingsskoalle 'Dûbelspan', en in pjutteboartersplak Krobbehonk. Der rydt alle oeren in bus (fan Ljouwert nei Snits dy't stopt by de halte Yndyk, ûngefear ien kilometer fan it doarp.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Boazum diel út fan de gemeente Baarderadiel.

Gebouwen

Rike famyljes lykas de Wiarda's, Walta's en Gerbrandy's wennen yn Boazum, yn steatlike rintenierswenningen. Harren huzen siere noch altiten it doarp.

tsjerke

De Sint Martinustsjerke fan Boazum is ien fan de wichtichste en âldste romaanske tsjerkegebouwen yn Fryslân út de 12e ieu. By de restauraasje yn 1941 waard yn it gewelf in skildering ûntdekt. De saneamde Majestas Domini. De skildering stelt in burdleaze Kristus foar.

kafee

It kafee "De Boazumer Mjitte" is ien fan de grutste herbergen út de gemeente (anno 1875) mei in grutte boppeseal.

De Wylgen

De Wylgen is in monumintaal gebou, dat brûkt waard as fakânsjewente foar húshâldingen mei in handikapt lid fan de húshâlding. Dizze wente wie troch frou Gezina H. Volkers silger skonken oan it Prinses Beatrix Fûns mar wurdt no brûkt as partikulier hûs.

Eelko Alta

In ferneamde Boazumer wie Eelko Alta (1723-1798). Hy wie dûmny, pionier op it mêd fan fee-yninting en hy hat Eise Eisinga der yn 1774 ta setten om syn planetarium te bouwen.
Syn wurk Philosophische Bedenkingen over de Conjunctie van de Planeten Jupiter, Mars, Venus, Mercurius en de Maan. Op den Agtsten May 1774. staande te gebeuren, en wel over de Mogelyke en Waarschynelyke Sterre en Natuurkundige Gevolgen deezer Conjunctie (1774) waard lang sjoen as de reden foar Eise Einga om yn itselde jier syn planetarium te bouwen, mar resint ûndersyk hat dêr in oar ljocht op smiten.[1] Alta wie ek in pionier op it terrein fan de yninting fan fee.

Mienskip

Boazum hat in Stifting Doarpsmienskip dy't eigener is fan it doarpshûs. Yn foar- en neijier wurdt in jûn organisearre (in buorrel- of kofjejûn en yn septimber in diskedei. It behear fan de boarterstún is ien fan de beheartaken fan Doarpsbelang. Yn doarpshûs 'De Boazumer Mjitte' is in soad te rêden. Yn 1993 is in steatlike gebou mei help fan it hiele doarp renovearre. Yn septimber is der in diskedei. Tsien kear yn't jier ferskynt it doarpskrantsje de "Doarpsskille" mei in earder in soad histoaryske artikels. In bekende ynwenner fan it doarp is Henk Kroes, âld-foarsitter fan de feriening "De Friesche Elf Steden".

Ferienings

  • Keatsferiening
  • De Harmonie - toaniel
  • Fûgelwacht
  • Lyts Begjin, Kromme Keu en De Trekkertjes - biljerten
  • Stifting 'de Nacht fan Boazum'
  • Folksdûns en Fluitclub
  • Oan 'e râne - darts
  • KF Boazum - keatsen

Befolking

Ferskaat

Strjitten

Altaplein, Blaukeesje, Bongier, De Havens, De Kamp, De Pôle, De Trochsnijing, Dokter Miedemastrjitte, Flearen, Hegedyk, It Heech, It Oerd, Makkum, Singel, Slachtedyk, Suderdyk, Sylsterdyk, Tanialeane, Tryntsjebuorren, Tsjerkebuorren, Waltawei, Yndyk.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Huib J. Zuidervaart, Speculatie, wetenschap en vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), instrumentmaker te Leeuwarden (Ljouwert: Fryske Akademy, 1995).