Springe nei ynhâld

Henk-Jan Held

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 feb 2011 om 19.34 troch MeinRei (oerlis | bydragen) (Fan nl:)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Henk-Jan Held
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 12 novimber 1967
berteplak Renswâld
lingte 2,01 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1992, 1996
karriêre-ein maaie 2008
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen 1996

Olympyske Spullen 1992

Hendrik Jan (Henk Jan) Held (Renswâld, 12 novimber 1967) is in eardere Nederlânsk follyballer. Hy beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Henk-Jan Held wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Henk-Jan Held die twaris mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 waard er by de Simmerspullen yn Barselona mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Fjouwer jier letter wie er lid fan de Nederlânske ploech dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sûnt 2001 hat Held de Italjaanske nasjonaliteit. Om't Itaalje nea Olympysk goud wûn hat, is Held de ienige Italjaan mei Olympysk goud yn it follybal. Yn totaal hat Henk-Jan Held 375 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Yn maaie 2008 beëinige Held syn karriêre yn de âldens fan 40 jier.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo