Springe nei ynhâld

Feodalisme

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 apr 2011 om 06.58 troch Luckas-bot (oerlis | bydragen) (r2.7.1) (Bot - derby: hi:सामंतवाद)

It feodalisme (it wurd is ôfkomstich fan it Latynske feudum dat hearlikheid of lien betsjut) en is in begryp yn de skieds- en rjochtswittenskip en yn de sosjale wittenskippen wêr't in maatskiplike oarder mei oantsjutten wurdt. It giet om it yn lien jaan fan gebieten dêr't de ûnderlinge ferplichting ta trou, bystân en it beteljen fan skattingen tsjinoer stiet.

It feodalisme ûntstie yn de lette Romeinske tiid doe't de oerheid en de stêden hieltyd mear yn ferfal rekken, en de befolking twongen waard, om, yn ruil foar han frijheid, stipe te freegjen fan de lâns-eallju foar har feiligens en kaam ta folle waaksdom ûnder de midsieuwen.