Springe nei ynhâld

Hawaï

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 feb 2012 om 19.11 troch Sodacan (oerlis | bydragen)
State of Hawaii
Moku‘āina o Hawai‘i
Vlag van Hawaï Zegel van Hawaï
Ofkoarting HI
Haadstêd Honolulu
Tiidsône -10
Algemien
Oerflakte 28.337
Befolking 1.262.840
Oare ynformaasje
Tatreden 21 augustus 1959
Oantal countys 5


Hawaï (Hawajaansk Hawai’i) is in eilannegroep yn de Stille Oseaan en de namme fan de fyftichste steat fan de Feriene Steaten. De haadstêd fan Hawaï is Honolulu. De byname fan Hawaï is de Aloha State.

Geografy

Hawaï leit sa likernôch 4.000 km westlik fan de Amerikaanske fêstewâl. Meiïnoar binne 137 eilannen diel fan de eilannegroep dy’t in oerflak fan 16.634 km² beslacht. De measte eilannen binne net befolke. De acht grutste eilannen binne:

  • Ni'ihau
  • Kaua'i
  • O'ahu
  • Moloka'i
  • Lāna'i
  • Kaho'olawe
  • Maui
  • Hawai'i

Dizze acht eilannen lizze op in west-east liny, dy’t noch fierder nei it westen rint. De Noardwestlike Hawaï-eilannen, útsein de Midwayeilannen, hearre by de steat Hawaï. Geografysk heart Hawaï net by it Amerikaanske kontinint, mar by it Polynesyske kontinint. De eilannen binne ûntstien troch fulkanisme. Heechste fulkanyske berch is de Mauna Kea mei in hichte fan 4.205 meter.

Skiednis

Sa likernôch om 400 n. Kr. befolken Polyneezjers it eilân. Wierskynlik kamen dy fan Tahity.

It kin goed wêze dat de Spanjert Juan Gaetano al yn 1527 foet oan wâl sette oan ien fan de eilannen. Dat kin net mei wissichheid sein wurde. Hawaï waard offisjeel yn 1778 ûntdutsen troch James Cook. Hy sette op 20 jannewaris 1778 foet oan wâl op Kaua'i. Hy hannele dêr mei de lokale befolking.

Dat Cook tige wolkom wie docht bliken as er yn jannewaris 1779 yn de Kealakekua-bocht foar anker leit, en de lokale befolking in feest ta eare fan de God Lono fierd. Cook wurdt op dat feest as in God ûntfongen. Yn febrewaris 1779 soe Cook fierder mei syn tredde reis troch de Pasifyk, mar moast nei in swiere stoarm mei syn slim skansearre skippen werom nei de eilannen. Hy gie wer yn de Kealakekua-bocht foar anker. Lykwols wie de ûntfangst troch misferstannen mei de lokale befolking net mear sa gemoedlik en hy waard mei in part fan syn bemanning op 14 febrewaris 1779 deamakke. Yn de 80 jier nei de besite fan Cook kromp de befolking fan de eilannen fan 300.000 nei 60.000 minsken. Reden dêrfoar wienen de geslachtssykten dy’t troch Cook syn bemanning oan de eilanners oerdroegen wienen.

Om 1800 hinne ûntstiet der in Hawajaansk keningryk mei keningen fan Hawajaanske komôf. De earste kening Kamehameha I ferienige om 1810 de eilannen ûnder syn bewâld. De Hawajaanske keningen hienen goede kontakten mei de Feriene Steaten. Fan 1820 ôf koenen Amerikaanske missionarissen op it eilân it evangeelje ferkundigje. Keninginne Ka'ahumanu bekearde har yn 1824 ta it protestantisme. Yn 1842 waard Hawaï as ûnôfhinklike steat erkend troch de Feriene Steaten. Lykwols waard de ynfloed fan de Amerikanen nei 1850 hieltyd grutter. Yn 1875 waard in ferdrach tekene, wêrtroch sûker fan Hawaï belestingfrij eksportearre wurde mocht nei de Feriene Steaten. Doe’t keninginne Lili'uokalani de Amerikaanske ynfloed beheine woe, griepen plantaazjebesitters mei help fan de Feriene Steaten de macht op it eilân. Yn 1894 waard de Republyk Hawaï stifte.

Op 7 desimber 1941 foel it Keizerlike leger fan Japan de Amerikaanske marinebasis Pearl Harbor oan. Troch dat foarfal ferklearren de Feriene Steaten de oarloch oan Japan. Hawaï bleau in Amerikaansk Territoarium oant 1959. Underwylst wie de oarsponklike befolking in minderheid wurden (yn 2000 23%). Yn 1959 stimden 93% fan de eilanner befolking foar it plan om in steat te wurden fan de Feriene Steaten. Noch yn datselde jier waard Hawaï de fyftichste steat fan de Feriene Steaten.

Nijsgjirrich

  • Barack Obama komt fan Honolulu, Hawaï. Hy is de iennichste presidint fan de Feriene Steaten dy't fan Hawaï kaam.