Springe nei ynhâld

Donkerbroek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jan 2015 om 20.20 troch Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen) (omstavere 2015)
Donkerbroek
Flagge fan Donkerbroek Wapen fan Donkerbroek
Flagge Wapen
Lokaasje fan Donkerbroek
Gemeente Eaststellingwerf
Ynwennertal (2011) 1872
Webstee donkerbroek.nl

Donkerbroek is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, noardwest fan Easterwâlde oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. It doarp hat likernôch 1.872 ynwenners (1 jannewaris 2011). Yn Donkerbroek wurdt fan oarsprong Stellingwerfsk sprutsen. Yn de 20e iuw ûntstie in sterke Fryske ynfloed.

Skiednis

Om Donkerbroek hinne binne in soad prehistoaryske fynsten dien, benammen út de brûnstiid. De âldst bekende fermelding is yn in oarkunde fan 13 july 1408. Hjiryn stiet in foarstel fan ‘dedingslude’ (bemiddelers) op in nij skeel tusken de biskop fan Utert en ûnder oare Stellingwerf. It gie (wer) oer de hier fan healannen by Iselham. Donkerbroek is ien fan de âldste delsettingen yn súdeast Fryslân. It is boud op in pear hege sânrêgen. Yn 1328 is it ien fan de 12 Drintske kerspels.Under de 31 yn de oarkunde neamde Stellingwerfse kerspels wurdt ek Dungebroek neamd. Twa dagen letter (15-7-1408) besegelen ûnder oaren de stellingen fan Stellingwerf it akkoard yn in oarkunde Dongbroec wurdt in skatting fan 80 âlde skylden oplein. Der binne ek histoarisy dy ’t op grûn fan twa oarkundes fan 26 maaie 1328 miene dat Donkerbroek âlder is. Dizze stikken geane oer in fernijde regeling fan in troch de biskop fan Utert op Drinte en de stêd Grins te foarderjen jildsom. Op de oarspronklike foardering wurdt in bedrach fan goed 8 marken yn mindering brocht omdat 12 kerspels har ôfskiede hienen fan Drinte en har by de “Frisonibus de Stellingewarf” (Friezen fan Stellingwerf) oansluten hienen. Mooglik leinen dy yn wat no Eaststellingwerf is, mar in namme wurdt net neamd.

Yn 1408 waard de namme ferskillend skreaun. De namme bestie út twa dielen, nammentlik ‘Dunge’ of ‘Dong’ en ‘broek’ of ‘broec’. Op kaarten komme ek nammen foar mei Dom-, Doom-, Dem-, en Dam-. It twadde diel wurdt skreaun mei: -brouck, -broeck, -broik, -brek en (sels) –brug. Yn de Benefisjaalboeken (1542/1543) stiet Stellingwerf-Oosteinde Dombroeck, en by de tsjerklike besittings Dunckerbroeck. Op de Schotanuskaart (1664) stiet Donckerbroeck en op de Schotanuskaart fan 1685 wurdt foar it earst Donkerbroek skreaun. Broec, brouc, broik of broek betsjut yn it Middelnederlânsk Hânwurdboek: moeras, poel, leech lân. Donc betsjut dêryn: heger lizzend wenstee yn in leechlân, it doarp lei dus op in hichte yn in ‘broec’gebiet. Meidat Oud Kerkhof (oan de hjoeddeiske Balkwei) op kaarten fanôf de 17e iuw neamd wurdt soene it doarp en de tsjerke heger lein hawwe kind. Te tinken falt dan oan wat no’t Hoogezand hjit. De Stellingwerfske amateur-argeolooch H.J. Popping hat op it terrein fan it Ald tsjerkhôf in liemlaach en brokken readbakte stien fûn dat op it tsjerkje wize kin. By de ruilferkaveling fan 1955 gie it tsjerkhôf ferlern. Begjin 16e iuw wurdt skreaun dat de tsjerke wijd wie oan Sint Laurentius en it alter oan Sinte Marije. Dan is der in ein komd oan twa iuwen “Vrije Natie der Stellingwerven”. It wurdt in gritenij fan Fryslân en yn 1517 splitst yn Stellingwerf-Westeinde en Stellingwerf-Oosteinde dêr’t ek Donkerbroek by heart. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Skâns Breeberch

Yn 1561 foel Donkerbroek ûnder it Bisdom Ljouwert en yn 1579 waard Lubbertus Alberti ynstallearre as pastoar. Yn 1580 al flecht hy foar de Reformaasje. Yn 1593 wurdt op lêst fan Us Heit, steedhâlder Prins Willem Loadewyk, in skâns Breeberch oplutsen yn it bûtengebiet fan it doarp. De skâns is ûnderdiel fan in rige ferdigeningswurken yn it súdeasten fan Fryslân.

Tsjerke

klokkestoel fan Donkerbroek
De yn 1796 skeinde gevelstien boppe de yngong fan de herfoarmde tsjerke (2012)

Boppe de doar fan de herfoarme tsjerke stiet dat de pleatslike dûmny Isaac Poutsma 23 maart 1714 de earste stien lei. Unwis is oft it nijbou of restauraasje betrof. Keunstwurk De Klokkelieder, foar restaurant ’t Wite Hûs oer, is in oantinken oan in foarfal op 22 desimber 1749. Jongelju lieden de klokken om de ynwenners te warskôgjen foar de koamst fan belestingamtners. De amtners, kjel wurden fan de mei seines en skeppen bewapene Donkerbroeksters, naaiden út. Martien Lammers, mem fan ien fan de klokkelieders, waard yn 1750 feroardield ta twa jier tichthûs. Har ferwar dat it om Sint Tomaslieden gie waard net leaud.

18e iuw

De belestingkohieren neame yn 1749 322 ynwenners, ferdield oer 74 húshâldings. Ut de neamde beroppen is op te meitsjen dat it om in boeredoarp giet. Sa binne der 6 wevers, 4 skuonmakkers, in timmerman en (fansels) in dûmny. Wa’t gjin ynkommen hie wie feroardield op leadfiedigens, fan ûnder oare de diakonij. De ûndersteuning koe ek yn natura jûn wurde, bygelyks bôle. Yn de Frânse tiid ferniele patriotten it famyljewapen fan de Lyclama à Nijeholt boppe de yngong fan de tsjerke. Foar de tsjerke oer wurdt dûnse om de Frijheidsbeam en op de saneamde Peggebult (dêr’t no de kristlike skoalle mei dy namme stiet) wurde eksersysjeoefeningen hâlden.

Yn 1790 is it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart foarby Donkerbroek komd. Acht jier lang wurdt it doarp yn twaen dield, yn 1798 komt der pas in brêge. It doarp leit no oan it wetter, en kin dus ek mei it skip berikt wurde. Net allinnich turf mar ek foar oar ferfier. It Kasboek fan de Tsjerkefouden fan de NH Gemeente skriuwt dat al yn 1791 oan Geert Bates “agtien stuivers” betelle wurdt foar ferfier mei skip fan “een ton kalk”. Yn 1796 biedt Alle Jochems een veerscheep te koop aan “varende van de Gorredijk op Lippenhuizen ……en Donkerbroek”. Keaper wurdt Thylemans Johannes van Gans. Oan de feart wurde húskes boud en (fier) bûiten de beboude kom ferrize buorskippen as Petersburg en Moskou. De befolking groeit hurd. Folkstellingen leare: yn 1838 137 húshâldings, 670 ynwenners; yn 1850 176 húshâldings, 842 ynwenners. De meast foarkommende beroppen binne dan nnoch altiten boer en arbeider. Fan turfwinning is hast gjin sprake en de yndustrialisaasje giet (ynearsten) oan Donkerbroek foarby. Der komme wol mear ambachtslju, lykas timmerlju, skuonmakkers, smidden, wevers, winkellju, grôtmakkers en weinmakkers. De Befolkingsregisters 1840-1860 en 1860-1880 skriuwe dat der al meardere (praktisearjende?) dokters yn it doarp wennen.

19e iuw

De befolking is meast protestant. By de folkstelling fan 1830 jouwe 11 persoanen (fan de 670) oan dat se roomsk binne. Ds. Hendrik de Cock krijt lykwols nei 1834 ek yn Donkerbroek folgelingen. De notulen fan de tsjerkeriegearkomste fan 11 maaie 1838 fermelden de passaazje “Is ingekomen een brief van Foppe Hinkes Klooster, waarin de zelve verklaart zich af te scheiden van de gemeente en tevens afstand te doen van zijn ouderlingschap. Reactie kerkenraad: “aangenomen voor bekendmaking” en giet oer ta de oarder fan de dei. It oantal ôfskiedenen groeit lykwols hurd en yn 1850 wurdt de kristlik ôfskieden Gemeente fan Donkerbroek ynstituearre. It earste tsjerkegeboutsje stiet noch altiten, mar amperoan as sadanich te herkennen, op it adres Hearewei 98. It hjoeddeiske godshûs waard yn 1912 stichte.

Neist de begoedige boargerij wienen in soad dy’t lang en hurd wurkje moasten foar in bytsje jild en dy’t oanwiisd wienen op de diakonij om troch de tiid te kommen. Yn har kasboeken steane in soad minsken mei in útkearing en it beteljen oan earmen fan kosten foar medyske help en begraffenissen. Dat yn sokke tiden nei de drank grepen waard kin opmakke wurde út it grutte oantal taappunten en kafees yn it doarp. Sa koe op it stee fan it hjoeddeiske kafee De Vosseheer midden 19e iuw al in slokje opnomd wurde. Ein 18e iuw stie op wat no Geert Wolter Smitwei is 12 al in kafee mei de namme Het Posthuys. De postkoets die dêr oan, de hyns koene yn de trochreed op ferhaal komme en, sa leart it kasboek fan de Tsjerkefouden, de lokaliteit waard ek brûkt troch neamde pommeranten. Al yn 1797 wurde betellings oantroffen oan “van verteeringen in het Posthuys”, omdat de tsjerkefouden “een brief schrieven (moasten)”, of as der stimd wurde moast oer in te beroppen predikant. Blykber liende de herberch him dêr better ta as it tsjerkegebou.

20e iuw

Om 1900 is de befolking oangroeid nei boppe de 1300 en yn 1938 al nei 2103 ynwenners. Begjin dizze iuw krijt de út it bûtenlân oerwaaide koöperaasjegedachte hjir fêste foet oan de grûn, en ek hjir komme inisjativen fan de boeren. 1902: it koöperative Stoomsuvelfabryk (fuortsetting fan it fjouwer jier earder begûne spekulative molkfabry); 1904: in Koöperative Feriening ta Oankeap fan Lânbouärk en yn 1911 de koöperative Raiffeisenbank ‘Donkerbroek’. Alle trije binne al wer ferdwûn. Yn 1911 rydt de earste tram Donkerbroek binnen.

Keninklike besite

Yn 1913 komt de jonge keninginne Wilhelmina koart nei Donkerbroek. Fiifenfjirtich jier letter (1958) kom har dochter, keninginne Juliana nei Eaststellingwerf en lit har yn ’t Witte Huis foarljochtsje oer de hearskjende wurkleazens. In tegeltablo yn it etablissement herinnert dêroan. It leart dat se har ek troch wurkleas rekke arbeiders út it doarp byprate liet. Ien fan harren ferklearret folle letter tsjin de sjoernalist fan de ‘Nieuwe Ooststellingwerver’ (24 maaart 2004): “Nadat ik haar mijn hand had gegeven, heb ik die geloof ik drie weken niet gewassen”.. Yn de krisisjierren foar de Twadde Wrâldoarloch wie der frijwat middenstân dy’t grif net folle fertsjinne. Nei de oarloch begûn it doarp har stadichoan út te wreidzjen. Efter de lintbebouwing ûntstienen in tal nije wenwiken. Yn 1954 rûn it ynwennertal yn ien klap mei hûnderten werom trochdat it noardlike bûtengebiet by it nije doarp Waskemar kaam. Yn lettere jierren nei de oarloch kaam der mear lytsskalige bedriuwen yn it doarp. De middenstân waard lytser en de befolking fergrize stadichoan.

Oerbliuwsels

Lâns Donkerbroek rint de toeristyske rûte De Fryske Wâlden. Troch it doarp rint de Opsterlânske Kompanjonsfeart dy't diel útmakket fan de Turfrûte. Om Donkerbroek hinne leinen grutte bosken en heidefjilden. No is hjir allinnich, op rinôfstân fan it doarp, it lângoed Ontwijk fan oer. Hjir is op in beheind oerflak in stalekaart fan it eardere gea werom te finen yn de foarm fan bosk, leanen, heide en puoltsjes. Der binne ek oerbliuwsels fan in hurdfytsbaan en in iepenloftteater. Yn de bosk libje in tsiental reeën en in protte soarten boskfûgels. Yn de heidemarkes sitte brune- en griene kikkert en libellen as fjouwerflek, noardske wytsnút en grutte keizer.

Mienskip

tsjerke fan Donkerbroek út 1714

Donkerbroek hat in Feriening foar Doarpsbelang dat byinoar komt yn doarpshûs "Oan 'e Feart". Dit doarpshûs bestiet sûnt 1990. Neidat Jeugdsoas "De Trochsetters" opheft waard, is it gebou oan dee Fruitier de Talmawei ferboud ta doarpshûs. It hat ien grutte seal foar groepen oant 90 persoanen. Oer it doarp binne in trijetal DVD's makke. Foar de jierren 2005-2015 is in doarpsfyzje skreaun. Sa sil der bygelyks in mienskipssintrum, in passantehaven en wenningbou komme moatte. It doarp hat twa basisskoallen: 't Startblok en De Peggebult. Foar fuortset ûnderwiis binne de bewenners oanwiisd op Waskemar en Easterwâlde. Tsien kear jiers ferskynt de doarpskrante: Op'e Hichte. Troch in jierlikse Snertaksje en de advertearders is de krante gratis.

Befolking

Ferieningen

  • Sin en Wille - biljerten
  • Damklup
  • Excelsior - muzyk
  • De Kleine Dobber - fiskjen
  • De Nachtdravers - Aldjiersploech
  • Omniferiening Donkerbroek - fuotbal, gymnastyk, kuorbal en follybal
  • Spilersnocht - toaniel
  • Dûnsnocht - folksdûnsjen
  • Looft den heer - sang
  • De Bazuin- brassband

Iepenbier Ferfier

Line fan ferfierder Qbuzz:

Strjitten

De strjitten fan Donkerbroek

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sake Jager & Evert van GinkelArcheologie van de Stellingwerven, 2005


  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010