Springe nei ynhâld

Bulgaren

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 aug 2016 om 06.20 troch Pierlala (oerlis | bydragen) (f.Kr./n.Kr.)

De Bulgaren, Bulgaarsk българи, binne in Súdslavysk folk. Yn Bulgarije foarme sy de mearderheid fan de befolking.

Skiednis

Grut-Bulgaarske Ryk en oanswettende gebieten, om-ende-by 650 n.Kr.

De Bulgaren dûke foar it earst op yn de skiednis as in Turksk folk dat yn de twadde iuw f.Kr. oan de Wolga wennet. Harre namme wurdt wol ferklearre as ôfkomstich fan it Turkse wurd Bulgha, dat "sabel" ynhâldt, hokker foarwerp troch de groep as totemsymboal brûkt west hawwe soe. By it Grutte Folkeferfarren lûke guon fan de Bulgaarske stammen yn de 4e iuw nei it westen, wylst oare stammen nei it suden ferfarre oant yn Armeenje. Yn de 6e iuw festigje inkele stammen har te noarden fan de Donau en wurde bûnsmaten fan it Byzantynske Ryk. Lykwols falle sy tegearre mei Slavyske stammen de Byzantinen oan en festigje ferskate kanaten op de Balkan. Asparoech is de bekendste foarst en wurdt sjoen as de stifter fan Bulgarije. Stadichoan wurdt it Turkske folksdiel troch it Slavyske assimilearre en kerstene. Yn de 10e iuw wurde de Bulgaren ûnder it keizerskip fan Basilius de Bulgarendeader troch de Byzantinen ûnderhearrich makke, mar yn de 12e iuw komme sy yn opstân en witte harren ûnôfhinklikens yn stân te hâlden oant en mei de 14e iuw, as harren keninkryk troch de Ottomanen oerweldige wurde.

Yn 1878 befrije de Bulgaren har fan it Ottomaanske jok en besykje in folslein Bulgaarske identiteit te ûntwikkeljen dy't ek Masedoanjers en de Slavyske bewenners fan de Dobrûdzja en Bessarabje omfiemet, mar dy't de goed slavisearre Rûmenen (foaral yn Dobrûdzja en Walachije) útslute. Dizze ferskillen late ta de Twadde Balkanoarloch dêr't fergees by besocht waard in Grut-Bulgarije te festigjen. De Masedoanjers hawwe dêrnei op harren eigen identiteit de klam lein.


Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.