Springe nei ynhâld

Skylge

Ut Wikipedy
Skylge

De haven fan West-Skylge mei rjochts de Brandaris.
flagge wapen

Wapen fan Skylge
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Bert Wassink (GL)
sifers en geografy
haadplak West-Skylge
grutste plak West-Skylge
ynwennertal 4.837 (2017)
befolkingstichtens 56,1 / km²
oerflak 673,99 km²
● wêrfan lân 86,16 km²
● wêrfan wetter 587,83 km²
tal doarpen 15
skiednis
oprjochte 1813
1813 – 1942 ûnderdiel fan Noard-Hollân
oar
netnûmer 0562
postkoade 8881–8897
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.terschelling.nl
Haven fan Skylge, 1888 (fan Heinrich Petersen-Angeln

Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 4.837 ynwenners (30 jannewaris 2017). De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.

Plakken

Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.

Offisjele plakken

Midslân oan See

De 15 offisjele plakken op it eilân binne:

Buorskippen

Ferdwûne delsettings

Skiednis

Skylge is ûnstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.

Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân). Under de Twadde Wrâldoarloch waard it yn 1942 troch de Dútsers by Fryslân yndield, en dat is nei de oarloch sa bleaun.

Taal

Skylge hat twa Fryske dialekten, it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.

West-Skylge

Sjoch ek

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Terschelling fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


· · Berjocht bewurkje
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje