Boazum
Boazum is in doarp yn it súdeasten de gemeente Littenseradiel, net fier fan de Swette, mei likernôch 320 ynwenners. Der is ek in basisskoalle, de gearwurkingsskoalle 'Dubelspan', en in pjutteboartersplak Krobbehonk. Der rydt alle oeren in bus.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Boazum diel út fan de gemeente Baarderadiel.
De tsjerke fan Boazum is ien fan de wichtichste en moaiste romaanske tsjerkegebouwen yn Fryslân út de 12e ieu.
De Wylgen is in monumintaal gebou, dat brûkt waard as fakânsjewente foar húshâldingen mei in handikapt lid fan de húshâlding. Dizze wente wie troch frou Gezina H. Volkers silger skonken oan it Prinses Beatrix Fûns mar wurdt no brûkt as partikulier hûs.
In ferneamde Boazumer wie Eelco Alta (1723-1798). Hy skreaun oer de stân fan de planeten wat Eise Eisinga der yn 1774 ta brocht om it planetarium te bouwen.
Strjitnammen yn Boazum
Altaplein | Blaukeesje | Bongier | De Havens | De Kamp | De Polle | De Trochsnijing | Dokter Miedemastrjitte | Flearen | Hegedyk | It Heech | It Oerd | Makkum | Singel | Slachtedyk | Suderdyk | Sylsterdyk | Tanialeane | Tryntsjebuorren | Tsjerkebuorren | Waltawei | Yndyk |
Mienskip
Boazum hat in Stifting Doarpsmienskip dy't eigener is fan it doarpshûs. Yn doarpshûs 'De Boazumer Mjitte' is in soad te rêden. Yn 1993 is in steatlike gebou mei help fan it hiele doarp renovearre. Yn septimber is der in diskedei. Tsien kear yn't jier ferskynt it doarpskrantsje de "Doarpsskille" mei in earder in soad histoaryske artikels.
ferienings
- Keatsferiening
- De Harmonie - toaniel
- Fûgelwacht
- Lyts Begjin, Kromme Keu en De Trekkertjes - biljerten
- Stifting 'de Nacht fan Boazum'
- Folksdûns en Fluitclub
- Oan 'e râne - darts
- KF Boazum - keatsen
befolking
Keppeling om utens
Oer Boazum:
- Skoalmasters fan Boazum - P. Breuker