Drintsk Museum
DrintskMuseum Drents Museum | ||
museum | ||
Drintsk Museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Grins | |
plak | Assen | |
adres | Brink 1 | |
koördinaten | 52° 59′ 34″ N 6° 33′ 50″ E | |
Algemiene gegevens | ||
type | keunstmuseum skiedkundich museum | |
wurkmêd | Drinte | |
oprjochting | 1854 | |
besikers | 108.204 (2021) | |
Arsjitektuer | ||
monumint. status | kleastertsjerke Ryks Untfangershûs Ryks Gûvernemintsgebou Ryks Drostenhûs Ryks | |
monumintnûmer | kleastertsjerke 8403 Untfangershûs 8405 Gûvernemintsgebou 469358 Drostenhûs 8412 | |
Offisjele webside | ||
drentsmuseum.nl | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Assen
|
It Drintsk Museum is in museum dat oprjochte waard yn 1854. It is fêstige yn it sintrum fan Assen yn Drinte en sit yn it eardere provinsjehûs fan Drinte, dat datearret út 1885.
Kolleksje
It museum hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge. Der binne fynsten út de trachterbekerkultuer te finen en ek de âldste boat fan 'e wrâld, de Kano fan Pesse.
It museum hat ek in fêste samling figurative keunst, benammen fan de Noardlike Realisten, mei fertsjintwurdigers fan de fjirde generatie fan 'De Groep' (wurk fan ûnder oaren Henk Helmantel, Matthijs Röling, Sam Drukker, Douwe Elias, Barend Blankert, Alfred Hafkenscheid, Eddy Roos en Berend Groen). It giet om hûnderten wurken en foarmet ien fan wichtichste kolleksjes op dit mêd yn Nederlân. Dan is der de samling Nederlânske keunst- en keunstnijverheid 1885 - 1935 mei wurk fan û.o. Chris Lebeau, Vincent van Gogh, Jan Eisenloeffel, Jan Toorop en Jan Sluijters. Yn de spesjaal ynrjochte stylkeamers yn it Untfangershûs is te sjen hoe't begoedige Drintske famyljes yn earder iuwen libbe hawwe. De tún oan de efterkant fan it museum hat in brûnzen byld fan Bartje.
Uitwreiding en ferbouwing
Op 6 novimber 2007 makke deputearre Tanja Klip-Martin bekend dat it museum útwreide wurde soe neffens in ûntwerp fan arsjitekt Erick van Egeraat. Kosten waarden op 18 miljoen rûsd.[1] Fan simmer 2010 oant en mei simmer 2011 wie it museum ticht.
Op in yndustryterrein yn Assen krige it museum begjin 2010 in modern depot foar sa'n 90.000 objekten en keunstwurken ta har foldwaan.
Yn novimber 2011 waard it Drinsk Museum fannijs iepene troch keninginne Beatrix, mei in útstalling oer de Tang-dynasty, de gouden iuw fan Sina.
Yn 2023 moast it museum in tal moannen foar it part ticht om fochtproblemen te ferhelpen.[2]
Ynterieur
-
Gûvernemintsgebou
-
Steateseal
-
Trep yn it nije part
Literatuer
- Drents Museum journaal, Assen: Drents Museum, 1985-2011.
- Drents Museum magazine, Assen: Drents Museum, 2011-.
- Monografieën van het Drents Museum over hedendaagse figuratieve kunstenaars, Swol: Waanders, Assen: Drents Museum, 1999-.
- Archeologische bijdragen van het Drents Museum, Swol: Waanders, Assen: Drents Museum, 1999-.
- Internationale archeologie in het Drents Museum, Swol: Waanders, Assen: Drents Museum, 2008-.
- Jan Jaap Heij & Mieke van der Wal, Art Nouveau en Art Deco in Nederland: toegepaste kunst 1885-1935 uit de collectie van het Drents Museum, Amersfoart etc.: Bekking & Blitz, 2008. ISBN 978-90-6109-610-8.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drents Museum fan Wikimedia Commons. |