Jehanna de Sljochtsinnige
Jehanna de Sljochtsinnige, (Spaansk: Juana la Loca) (Toledo, 6 novimber 1479 - Tordesillas, 12 april 1555), wie in dochter fan de katolike keningen Ferdinand II fan Aragón en Isabella I fan Kastylje en in âldere suster fan Katarina fan Aragon. Sy wie mem fan twa keizers en fjouwer keninginnen.
Jehanna wie de earste regearjende keninginne oer sawol de Kroan fan Kastylje (1504–55) en de Kroan fan Aragon (1516–55), in uny dy't resultearre yn it moderne Spanje.[1] Neist de keninkriken fan Spanje, hearske sy ek oer Sardynje, Sisylje en Napels yn Itaalje; fierders oer de Spaanske koloniale besittingen yn Amearika; wie sy Grevinne fan Boergonje en de Boergondyske Nederlannen. Sy wie de lêste foarstinne fan it Hûs fan Trastamara en mei har houlik mei Filips de Skiene begûn it hearskjen fan de Habsburgers oer Spanje. It grutstepart fan har lange regear stie sy ûnder it regintskip fan of har man, of heit en soan, en waard lange tiid fêsthâlden yn in nonnekleaster fanwege har (ûnderstelde) geastlike sykte.
Neiteam
Jehanna en Filips de Skiene hienen seis bern:
- Eleonora (15 novimber 1498 - 25 febrewaris 1558), keninginne fan Portegal (troch houlik mei Emanuël I) en Frankryk (troch twadde houlik mei Frâns I fan Frankryk)
- Karel V (24 febrewaris 1500 - 21 septimber 1558) keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Spanje, troude mei Isabella fan Portegal
- Isabella (18 july 1501 - 19 jannewaris 1526), keninginne fan Denemark troch har houlik mei Kristiaan II
- Ferdinand I (10 maart 1503 - 25 july 1564), keizer fan it Hillige roomske Ryk, boaske oan Anna fan Bohemen
- Maria (18 septimber 1505 - 18 oktober 1558), keninginne fan Hongarije troch har houlik mei Loadewyk II, fan 1530 ôf lânfâd fan de Nederlannen
- Katarina (14 jannewaris 1507 - 12 febrewaris 1578) keninginne fan Portegal troch har houlik mei Jehan III
Jehanna de Sljochtsinnige moat net betize wurde mei Jehanna fan Kastylje (1462-1530), in prinsesse fan Kastylje dy't troch har boask oan Alfûns V fan Portegal (1432-1481) keninginne fan Portegal wie fan 1475 oant 1481.
Keppeling om utens
- Portret yn Digitaal Vrouwenlexicon
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Kening fan Kastylje
- Kening fan Leön
- Kening fan Galysje
- Kening fan Aragon
- Kening fan Majorka
- Kening fan Falinsia
- Kening fan Napels
- Kening fan Sisylje
- Kening fan Sardynje
- Aartshartoch fan Eastenryk
- Prins fan Astuerje
- Hartoch fan Boergonje
- Hartoch fan Brabân
- Hartoch fan Limburch
- Hartoch fan Lúksemboarch
- Hartoch fan Gelre
- Greve fan Barcelona
- Greve fan Hollân
- Greve fan Seelân
- Greve fan Henegouwen
- Greve fan Flaanderen
- Greve fan Arteezje
- Greve fan Namen
- Greve fan Sutfen
- Greve fan Boergonje
- Hear fan Mechelen
- Kastyljaansk persoan
- Spaansk persoan fan Katalaansk komôf
- Spaansk persoan fan Aragoneesk komôf
- Spaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Spaansk persoan fan Portegeesk komôf
- Spaansk persoan fan Sisyljaansk komôf
- Spaansk persoan fan Waalsk komôf
- Hûs Trastamara
- Hûs Habsburch
- Persoan berne yn 1479
- Persoan stoarn yn 1555