Kampaanje
Appearance
Kampaanje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Napels |
Oerflakte | 13.670,95 km² |
Befolking | 5.580.323 (30.06.2024) |
Befolkingstichtens | 408,19 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Cervati: 1898 |
Oantal gemeenten | 550 |
Provinsjes | Avellino, Benevento, Caserta, Napels, Salerno |
Kampaanje of Kampanië (Italjaansk: Campania) is in regio yn Súd-Itaalje, dy't oprjochte waard yn 1948. Kampaanje grinzget oan de regio's Latium, Molise, Apûlje en Basilikata en oan de Tyrreenske See. De namme is streekrjocht út it Latyn ôflaat, want de Romeinen neamden de regio nammentlik Campania felix, wat lokkich lânskip betsjutte. De haadstêd is Napels en de regio is opdield yn fiif provinsjes.
Tusken 600 en 200 f.Kr. wie Capua de wichtichste stêd fan Kampaanje. Yn de iere midsiuwen wie dat Amalfi en yn de lette midsiuwen waard Napels de dominante stêd en is dat ek bleaun.
Nijsgjirrichheden yn Kampaanje
- Grot fan de Sibylle te Cumae
- Grykske timpels te Paestum
- Romeinske stêden te Pompeii en Herculaneum
- Romeinske filla's fan Oplontis en Stabiae
- Fulkanen fan de Fesuvius
- Solfatara (fulkaan)
- Costiera Amalfitana fan Sorrento oant Salerno
- Eilannen Capri en Ischia
Eilannen fan Kampaanje
Provinsjes en wichtige stêden
kaart | provinsje | ôfkoarting | haadstêd | wichtige plakken |
---|---|---|---|---|
Avellino | Avellino | |||
Benevento | Benevento | |||
Caserta | Caserta | Aversa, Capua | ||
Napels | Napels | Pompei, Sorrento, Torre del Greco | ||
Salerno | Salerno | Amalfi, Paestum, Cava de' Tirreni |
Ofbylden
-
Timpel fan Paestum
-
Castello Aragonese fan Ischia
-
Corricella
-
Fesuvius
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Campania fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |