Karina Lombard
Karina Lombard | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karina Lombard | |
nasjonaliteit | Frânsk Amerikaansk | |
berne | 21 jannewaris 1969 | |
berteplak | Tahity (Frânsk-Polyneezje) | |
etnisiteit | Italjaansk Lakota-Sû Russysk | |
jierren aktyf | 1987 – no | |
offisjele webside | ||
www.karinalombard.com |
Karina Lombard (op Tahity (Frânsk-Polyneezje), 21 jannewaris 1969) is in Frânsk-Amerikaansk model en aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rol yn 'e bekroande spylfilm Legends of the Fall en as Marina Ferrer yn 'e tillefyzjesearje The L Word.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Lombard waard yn 1969 berne op it eilân Tahity, yn Frânsk-Polyneezje, as de dochter fan Henri Lombard, dy't fan mingd Italjaansk-Switsersk en Russysk komôf wie, en Nupuree Lightfoot, in Lakota-Yndiaanske medisynfrou. Lombard is de jongste fan fiif bern yn it gesin fan har âlden. Har âldere broer en susters binne: Hélène, Inès, Charles en Denise.
It gesin ferhuze yn Lombard har jonkheid geregeldwei, en sadwaande groeide se ferspraat oer in grut diel fan Jeropa op. Sa wenne se ferskate jierren yn Spanje mei har heit en broer en susters, en it Spaansk beskôget se dêrom as har memmetaal. It meastepart fan har skoalgeande jierren brocht se lykwols yn Switserlân troch. Lombard gie nei ferskate kostskoallen en sprekt floeiend Spaansk, Ingelsk, Italjaansk, Frânsk en Dútsk. Doe't se achttjin jier wie, sette se har nei wenjen yn New York, dêr't se in karriêre as model begûn.
Karriêre
Lombard briek troch mei in fotoreportaazje mei in Yndiaansk tema foar it ûnderguodmerk Calvin Klein. Ien fan har foto's waard útkeazen foar in reklamekampanje op oanplakbuorden, en sa krige hja bekendheid yn 'e modellewrâld. Neitiid ferskynden der fotoreportaazjes fan har yn ferneamde moadetydskriften, lykas Elle en Vogue.
Njonken har modellewurk wie Lombard yn New York ek al wakker aktyf as aktrise. Har aktearoplieding en toanielûnderfining die se beanmmentlik op yn it Gallery Theatre, it Neighborhood Playhouse, it Lee Strasberg Theatre Institute en de Actors Studio, allegear yn New York. Har earste rol op 'e tillefyzje hie se yn 1987 as prinsesse yn 'e Frânsktalige minysearje L'île. In earste filmrol krige Lombard yn 1991 as figurante yn The Doors. Nei noch ferskate lytse roltsjes, wêrûnder ien as 'famke op strân' yn The Firm, krige se yn 1993 foar it earst in gruttere rol yn 'e film Wild Sargasso Sea.
Lombard waard lykwols benammen bekend troch har rol as Isabel II (it Yndiaanske famke dat mei it personaazje fan Brad Pitt trout) yn it bekroande Legends of the Fall. Dêrby hie se njonken Pitt û.m. Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Gordon Tootoosis en Tantoo Cardinal as tsjinspilers. Yn 1996 spile Lombard yn 'e misdiefilm Last Man Standing, mei Bruce Willis, en yn 1997 yn 'e fantasyfilm Kull the Conqueror, mei Kevin Sorbo.
Nei 2000 lei Lombard har benammen ta op tillefyzjewurk, wêrby't se yn 2004 de rol fan Marina Ferrer fertolke yn it earste seizoen fan 'e searje The L Word. Yn 2005 en 2006 hie se ek in fêste rol as Alana Mareva yn The 4400. Fierders hie Lombard in weromkearende rol yn 'e rige Rescue Me, en ek hie se gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, CSI: New York en NCIS. Yn 2016 fertolke se de rol fan it Sjâny-opperhaad Nonhelema yn 'e ôflevering Stranded fan 'e searje Timeless.
Priveelibben
Fan 1991 oant 1998 wie Lombard troud mei kollega-akteur Anthony John Crane. Harren houlik einige yn in skieding.
Filmografy
Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1987 | L'île | Ivoa | Frânsktalich; minysearje |
1998 | Early Edition | Sammia Watts | gastrol; ôfl. Mum's the Word |
1998 | The Violent Earth | Anna Temaru | minysearje |
1999 | The Seventh Scroll | Royan | minysearje |
2000 | Murder at the Cannes Film Festival | ynspekteur Renée Reno | tillefyzjefilm |
2004 | Dr. Vegas | Jessica Rhodes / Black Widow | gastrol; ôfl. All In |
2004–2009 | The L Word | Marina Ferrer | fêste rol yn seizoen 1; gastrol yn seizoenen 4 en 6 |
2005–2006 | The 4400 | Alana Mareva | fêste rol |
2007 | The Secrets | Claude Perkins | minysearje |
2007 | CSI: Crime Scene Investigation | Pippa Sanchez | gastrol; ôfl. A La Cart |
2009 | Rescue Me | Geneviéve Lazard | weromkearende rol; ferskate ôfl. |
2011 | CSI: New York | Eva Martinez | gastrol; ôfl. Holding Cell |
2012 | NCIS | Monique Lisson | gastrol; ôfl. The Missionary Position |
2014 | Le Family Show | Mayi Rioux | tillefyzjefilm |
2016 | Timeless | opperhaad Nonhelema | gastrol; ôfl. Stranded |
films | |||
1991 | The Doors | Warhol-aktrise | |
1993 | The Firm | famke op strân | |
1993 | Wide Sargasso Sea | Antoinette Cosway | |
1994 | Legends of the Fall | Isabel II Decker-Ludlow | |
1996 | Last Man Standing | Felina | |
1997 | Kull the Conqueror | Zareta | |
1998 | Exposé | Amber Collins | |
2001 | Guardian | Katherine Kross | |
2003 | Deception | Margareth de Vries | |
2004 | Big Kiss | Liz | |
2011 | Jo's Boy | Alice Hamilton | |
2014 | United a Passion | Linda | |
2018 | Reign of Judges: Title of Liberty | Mahigana | koarte film |
2019 | Deal | Jules | koarte film |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Karina Lombard
- (in) Folsleine filmografy fan Karina Lombard yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|