Lânskip Drinte
Lânskip Drinte Landschap Drenthe | |
---|---|
01528 - 1795 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | gjint |
offisjele taal | Nedersaksysk Nederlânsk |
steatsfoarm | hearlikheid |
ûntstien út | Prinsbisdom Utert |
opgien yn | Bataafske Republyk |
no diel fan | Drinte |
sifers | |
ynwennertal | 20.000 (om 1600 hinne) |
De Lânskip Drinte wie yn it ferline de namme fan wat no de provinsje Drinte is. Oarspronklik waard sprutsen fan in greefskip Drinte, letter behearde Drinte ta it wrâldsk besit fan de biskop fan Utert en waard it sjoen as in part fan it Oerstift. Nei't yn 1529 de wrâldske besittingen fan it prinsdom yn hannen kamen fan keizer Karel V waard Drinte oantsjut as it Lânskip Drinte.
Sa waard it nei de Nederlânske Opstân part fan de Republyk, mar waard yn dy republyk net foar fol oansjoen. It wie wol sa dat it net deselde (legere) status as de generaliteitslannen hie, mar it hie gjin stimrjocht yn de Uny. It gewest hie wol syn eigen Steaten en behearde syn eigen finânsjen. Mei't it gebiet doetiids foar it meastepart út heechfean bestie hie it gebiet mar in befolking fan likernôch 20.000 ynwenners. De drost fan Drinte, teffens gûverneur fan de wichtige festing Coevorden waard lykwols troch de Steaten-Generaal fan de Uny beneamd.
De lânskip Drinte makke fan 1795 ôf diel út fan de Bataafske Republyk. By de departemintale weryndieling fan 1798 waard it gebiet ûnderbrocht by it departemint fan de Alde Isel, en yn 1802 by it departemint Oerisel fan it Bataafsk Mienebest. Yn de jierren 1805 -1806 waard Drinte dêr wer út losmakke, en waard it wer oantsjut mei 'lânskip'. Yn 1807 waard it departemint Drinte ynsteld as ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hollân troch Frankryk yn 1810 waard it departemint ûnderbrocht by it departemint Westeriems.
Drinte waard pas yn 1815 in folweardige provinsje yn it Keninkryk fan de Nederlannen. Dy provinsje hie noch wol in haadstêd nedich. Dat waard Assen, dêr't al sûnt 1603 de sit fan it lânskipsbestjoer fêstige wie en dy't yn 1809 troch kening Loadewyk Napoleon stedsrjochten krigen hie.
Bestjoerlike yndieling
De Lânskip wie ferparte yn seis dingspillen [1] (dy't wer ûnderferdield wiene yn kerspelen) en fjouwer hearlikheden.
Dingspillen:
- Sudenfjild (Suydevelt)
- Middenfjild of Beilerdingspil (Middenvelt/Beylerdingspil)
- Dieverderdingspil (Diverderdingspil)
- Rolderdingspil (Rolderdingspil)
- Noardenfjild (Nordevelt)
- Eastermoer
Hearlikheden:
- Coevorden
- Ruinen
- Echten (fan 1626 ôf)
- Hoogersmilde (fan 1633 ôf)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |