Skåne is it súdlikste lânskip fan Sweden en beslacht rûchwei itselde gebiet as de provinsje Skåne län. It hat gjin bestjoerlike of politike funksje, mar is op it mêd fan kultuer wol fan betsjutting. Skåne grinzget oan de lânskippen Blekinge, Halland en Småland. De Sontbrêge ferbynt Skåne sûnt 2000 mei it Deenske eilân Amager.