Springe nei ynhâld

Fjildmûs

Ut Wikipedy
fjildmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus arvalis
Pallas, 1778
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fjildmûs of lânmûs (wittenskiplike namme: Microtus arvalis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e echte fjildmûzen (Microtus). Dizze soarte komt foar yn hast hiel kontinintaal Jeropa (ynkl. Nederlân) en yn westlik Sibearje en dielen fan Sintraal-Aazje. De fjildmûs is yn Fryslân ien fan 'e meast foarkommende wrotmûzen. It is in lyts bistke mei in relatyf koart sturtsje en in foar it meastepart brune pels. Hoewol't er minskeskou is, kin de fjildmûs soms fan in ôfstân waarnommen wurde as er op 'e efterpoaten steand om him hinne gluorket. Dat komt lykwols net sa faak foar, want it is in nachtdier dat mar komselden oerdeis op 'e lapen is. Foar de lânbou wurdt dizze soarte, mei syn herbivoar dieet, soms as in pleachdier beskôge. De IUCN klassifisearret de fjildmûs as net bedrige.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Jeropa komt de fjildmûs foar op it grutste part fan it kontinint, al ûntbrekt er yn it noarden (noardlik Ruslân, hiel Finlân, it Skandinavysk Skiereilân, Iislân en de Deenske eilannen) en yn it suden (it suden en westen fan it Ibearysk Skiereilân, ynkl. hiel Portegal en westlik Galysje, de Frânske Middellânske-Seekust, de Lears fan Itaalje, it suden fan 'e Balkan, ynklusyf hiel Grikelân en de Mediterrane eilannen). Op 'e Britske Eilannen komt er likemin foar, útsein twa isolearre populaasjes op 'e Orkney-eilannen en op it Kanaaleilân Guernsey.

Yn it easten fan it ferspriedingsgebiet bestiet krektlyk in isolearre populaasje op it súdlik diel fan 'e Krim, wylst de fjildmûs yn it noarden fan dat Oekraynske skiereilân, it súdeasten fan 'e Oekraïne sels, it westen fan 'e Koeban en yn 'e Wolgadelta ûntbrekt. Yn Aazje komt de fjildmûs foar yn 'e Kaukasus, súdwestlik Sibearje, dielen fan it noarden en easten fan Kazachstan en dielen fan Kirgyzje en Sinkiang-Oeigoerje. Besuden de Baikalmar, yn súdlik Sibearje, libbet dan noch in lêste isolearre populaasje, dy't him útwreidet oant djip yn Mongoalje.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de fjildmûs rûnom foar, en ek op it fêstelân fan Fryslân is dat it gefal. De Waadeilannen foarmje in útsûndering op dy regel, al bestiet der wol al lang in populaasje fjildmûzen op it Amelân, en liket Skiermûntseach resint kolonisearre te wêzen. Op Teksel, Flylân en Skylge ûntbrekke se lykwols.

In fjildmûs yn 'e hân.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjildmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-13 sm, mei in sturtlingte fan 2½-4½ sm en in gewicht fan 14-45 kg. De sturt is likernôch ⅓ fan 'e kop-romplingte. De pels is koarthierrich en sjocht der glêd út, mei't alle hierren ûngefear like lang binne. De rêch is giel- oant brúngriis, wylst de bealch ljochtgriis oant witich is. Der besteane lykwols frijwat ôfwikende kleurfariëteiten, en sawol albinisme as melanisme komt by de fjildmûs geregeldwei foar. De earkes binne lyts, mar stekke dochs noch justjes út 'e pels wei.

Fjildmûzen jouwe de foarkar oan koarte, net al te wiete greiden en ikkers, wyngerds, berms, diken en kultuerlân yn it algemien. Se kinne lykwols oerlibje yn alderhanne biotopen útsein tichte wâlden, en komme sadwaande ek wol foar op heide, braaklizzend lân en grutte oerwoekere tunen. Yn gebieten dêr't soks ta de mooglikheden heart (d.w.s. bûten Nederlân) hawwe se it leafste terrein dat in bytsje gloaiend is. De fjildmûs konkurrearret mei de ierdmûs (Microtus agrestis) om itselde habitat; as de begroeiïng ienlagich is, is dêrby de fjildmûs yn it foardiel, mar by in trijelagige begroeiïng komt de ierdmûs mear foar. By in tuskenbeiden, twalagige begroeiïng jout de fochtigens de trochslach: as it drûger is, wint de fjildmûs it yn 'e regel, mar as it wieter is, de ierdmûs.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjildmûs is benammen yn 'e jûnsskimer en nachts yn 't spier; deis ek wol, mar yn 'e regel minder. Yn in etmiel fine der likernôch tsien perioaden plak fan hegere aktiviteit, om 'e twa oeren, wêrby't alle bisten yn in beskaat gebiet tagelyk boppe de grûn komme om te fretten. Dy syngronisaasje fan aktiviteitspiken is wierskynlik in ferdigeningsmeganisme dat ta doel hat om 'e effektiviteit fan predaasje tsjin te gean. Fjildmûzen grave hoalen mei in trochsneed fan 3½ sm dy't har deun ûnder it ierdoerflak befine, en by 't winter ek wol deroerhinne rinne, mar ûnder it sniedek troch. Inkeld wurdt simmerdeis ek wolris in nêst oanlein op in beskûle boppegrûnsk plak, wylst soms ek wol besteande mollegongen kreake wurde.

As fjildmûzen hiel benaud binne, kinne se ferstiivje fan eangstme.

Om 'e yngong fan 'e hoale hinne leit de fjildmûs boppe de grûn mûzerillen oan, dy't as in soarte fan spoarnetwurk it hiele territoarium trochkruse. Sokke rillen meitsje fuortbeweging foar fjildmûzen flugger en feiliger, en se bejouwe har dan ek mar komselden yn it "wyldlân" tusken de rillen yn. Trochinoar bedraacht de deistige aksjeradius fan 'e bistkes 6-8 m. Dêrby binne mantsjes mobiler as wyfkes, wat nei alle gedachten mei nêstsoarch fan dwaan hat. De territoaria fan 'e mantsjes binne 1.200-1.500 m² grut, en dy fan wyfkes beslane 300-400 m².

Fjildmûzen binne flugge dravers, en dêrby tige wach. Geregeldwei hâlde se eefkes ho en rjochtsje se har op 'e efterpoaten op om it hear oer te eagjen. Se klimme en springe lykwols net in soad, noch swimme se folle, al dogge se dat soms al (sûnder derta twongen te wurden). Simmerdeis libje mantsjes en wyfkes as pearkes yn ien territoarium, dêr't soartgenoaten út ferdreaun wurde; hoe't de sosjale struktuer by 't winter krekt yninoar sit, is noch altyd net alhiel dúdlik, al is wol bekend dat de territoaria inoar dan oerlaapje.

De peartiid duorret by de fjildmûs fan maart oant oktober (en soms langer, ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden). Nei in draachtiid fan likernôch 20 dagen wurde troch it wyfke ornaris 3 kear jiers 3-8 (meastal 5 of 6) jongen smiten. Dy binne soms nei 14 dagen al geslachtsryp, wat sterke skommelings yn populaasjetichtheden ta gefolch hat. Ienris eltse trije jier is der in fjildmûzepiikjier, mei tige hege oantallen, wêrnei't de populaasje ynstoart en der it folgjende jier folle minder as normaal binne, folge troch in trêde jier mei in oanwinnende populaasje fan trochsneed nivo.

In fjildmûs yn 'e fâle.

Ek binnen de jierren ferskille de populaasjes, dy't nei de winterstjerte, oan it begjin fan 'e maityd it leechst binne, en oan 'e ein fan 'e simmer it heechst. Under ynfloed fan in ferskaat fan omstannichheden kin him yn in piikjier in fjildmûzepleach ûntjaan, mei desastreuze gefolgen foar de lânbou. Sokke pleagen hawwe har yn Nederlân lykwols al sûnt 1950 net mear op grutte skaal foardien. De populaasjetichtheid bedraacht yn Nederlân trochinoar 750 fjildmûzen de ha, mei yn berms útsjitters oant 1.400 de ha. Mar yn Frankryk binne wol tichtheden fan 4.800 de ha metten. Foar it yn 'e besnijing hâlden fan 'e fjildmûzestân binne de natuerlike fijannen fan it bistke fan grut belang. Dat binne û.m. de mûzefalk, reade wikel, ferskate ûlesoarten (lykas de goudûle), de wezeling, harmeling, murd, foks, njirre en sels it everswyn.

Fjildmûzen frette hast útslutend plantaardich guod, benammentlik de griene dielen fan gerzen en krûden, mar ek wol ûndergrûnske plantedielen, fruchten en moas, en by 't winter ek wol beamskors. Soms wurdt it menu oanfolle mei spinnen en oar soksoarte wrimelt. Se lizze itensfoarrieden oan yn spesjale foarrieromten yn har hoalen.

Fjildmûzeskea oan greidlân yn Nedersaksen.

De fjildmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt. Sterker noch, hy wurdt gauris as in pleachdier beskôge, mei't er yn grutte oantallen in protte skea oanrjochtsje kin, benammen troch it oanfretten of útholjen fan lânbougewaaksen, lykas andyvje, sûkerbiten en de woartels fan gerssoarten. Dêrnjonken ferniele fjildmûzen greidlân mei harren gegraaf en gewrot en gnauje se fruitbeammen en boppegrûnske gewaaksen lykas nôt oan. Yn in lânskip fan lytsskalige stikjes lân mei alderhanne dielbiotopen lykas sleatten, beamwâlen en muorkes, komme pleagen net in protte foar; it tinken is dat de oerbefolking oan fjildmûzen dêr makliker fuorttsjen kin en dat dizze soarte dêr boppedat genôch natuerlik konkurrinsje fan oare wrotmûzesoarten ûnderfynt. Dat yn Nederlân tusken 1950 en 2014 gjin grutskalige pleach mear foarkaam, wurdt taskreaun oan moderne lânboumetoaden, wêrby't greidlân geregeldwei meand, sleept en op oare manear bewurke en soms sels op 'e nij ynsiedde wurdt. It hat bliken dien dat soks direkte en yndirekte stjerte ûnder fjildmûzen feroarsaket en gaadlike habitats beheint. Likegoed wie it yn it neijier fan 2014 en it foarjier fan 2015 wer rekke, doe't in fjildmûzepleach foar €15 miljoen skea oanrjochte yn súdlik Fryslân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.