Springe nei ynhâld

Gesin

Ut Wikipedy
In gesin mei twa âlden en trije bern.

In gesin of húshâlding is in beheinde ienheid fan minsken mei in nauwe besibskipsbân, dy't bestiet út teminsten twa folwoeksenen en ien bern. Twa folwoeksenen dy't troud binne of in relaasje hawwe en duorjend gearwenje, mar dy't gjin bern hawwe, wurde ornaris net as in gesin beskôge. De termen gesin en húshâlding wurde faak trochinoar brûkt, mar húshâlding is eins in breder begryp; in troud pear sûnder bern foarmet wol in húshâlding, mar is gjin gesin. Sels in allinnichsteande hat in eigen húshâlding. It gesin wurdt wol de 'hoekstien fan 'e maatskippij' neamd, benammen troch kristen-demokratyske politike partijen, dy't it stiftsjen fan in gesin ferbine oan kristlike noarmen en wearden. In gesin is in dynamysk gehiel, wêrfan't de relaasjes tusken de leden feroarje neigeraden dat se âlder wurde.

Besibskipsrelaasjes yn in famylje.

It moderne (Westerske) gesin bestiet út twa âldelju en ien of mear bern. Dêrby binne ferskate fariaasjes mooglik. Foarhinne wiene de âldelju fan tsjinstelde geslachten, nammentlik in man, de heit, en in frou, de mem. Tsjintwurdich, en fral sûnt de ynfiering fan it homohoulik, is in gesin mei twa heiten of twa memmen lykwols ek gewoan wurden. By de bern kin it om soannen of dochters gean, dy't inoars bruorren of susters binne. As der mar ien bern is, sprekt men fan in ienlingsbern. It trochsneed tal bern yn in gesin leit yn 'e Westerske wrâld likernôch om 'e 2,4 hinne. Foarhinne wiene de gesinnen folle grutter, faak mei mear as tsien bern. Redens dêrfoar wiene it legere opliedingsnivo fan 'e measte minsken en it dêrmei mank geande brekme oan seksuële kennis; de gruttere ynfloed fan religieuze autoriteiten (dy't it stiftsjen fan grutte gesinnen oanmoedigen); en de ûnbeskikberheid fan foarbehoedsmiddels.

In oar modern ferskynsel is it tanommen tal houliken dat einiget yn in skieding. As de houlikpartners bern hiene, en it gesin dus útinoar skuord wurdt troch de skieding, sprekt men fan in brutsen gesin. Faak trouwe neitiid ien of beide eardere houlikspartners op 'e nij, soms mei nije partners dy't sels ek earder troud west hawwe of eigen bern hawwe út oarsoartige eardere relaasjes. Op dy wize komt in gearstald gesin ta stân, wêrby't de bern út 'e eardere relaasjes fan 'e respektivelike houlikspartners inoars styfbruorren en styfsusters wurde. Fan âlds wie it yn 'e Westerske kultuer, dy't patriargaal ynsteld is, wenst dat bern de efternamme fan harren heit oernimme. Tsjintwurdich is dat net mear sa fansels as foarhinne, en is it ek mooglik dat se de efternamme fan de mem of in kombinaasje fan beide krije. Soms wurde bern dy't net mear troch de biologyske âlden grutbrocht wurde kinne, opfongen yn in pleechgesin.

Gesin en famylje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't der in beskate oerlaping bestiet tusken de begripen 'gesin' en 'famylje', wurde der oare dingen mei oantsjut. Yn in protte talen (lykas it Ingelsk) bestiet lykwols gjin wurdt foar 'gesin' en wurde beide begripen as 'famylje' bestimpele, wat soms ta betizing liede kin. It ferskil is dat in gesin ornaris mar út twa generaasjes minsken bestiet, dy't in lineêre famyljerelaasje mei-inoar hawwe: heit en mem, soan en dochter. In famylje bestiet út mear as twa generaasje en omfiemet ek laterale famyljerelaasjes: pake en beppe, pake- en beppesizzers, omke en muoike, neef en nicht, âldomke en âldmuoike.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes