Springe nei ynhâld

Kristlike jiertelling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anno Domini)
In Anno Domini-ynskripsje yn 'e Katedraal fan Klagenfurt yn Eastenryk.

De kristlike jiertelling of Westerske jiertelling is de jiertelling dy't troch de Skytyske mûnts Dionysus Eksiguus yn 'e iere sechsde iuw ynfierd waard as helpmiddel by it opstellen fan syn peasketabel. Hy bea syn fining (op dat stuit om 'e nocht) yn of koart nei 525 oan offisjele fertsjintwurdigers fan paus Jehannes I oan. Yn it Latyn makket dizze jiertelling foar jierren gebrûk fan 'e tafoeging anno Domini (ôfkoarte ta A.D.), dat "yn it jier fan de Hear" betsjut (de folsleine oantsjuting yn it Latyn is anno Domini nostri Jesu Christi: "yn it jier fan Us Hear Jezus Kristus"). Yn âlde ynskripsjes yn Nederlân sjocht men dat noch wol, bgl. by in hûs dat boud is yn 1626, wêrby't dan de tekst "A.D. 1626" op 'e gevel oanbrocht is.

De kristlike jiertelling is kristlik om't er útgiet fan 'e berte fan Jezus Kristus, dy't yn it jier 1 (of A.D. 1) plakfûn hawwe soe. Oan alle jiertallen dêrnei waard foarhinne "A.D." taheakke, mar tsjintwurdich wurdt dat hast altyd weilitten. It jier foarôfgeande oan it jier 1 wie it jier 1 f.Kr. (oars as dat faak tocht wurdt, hat der nea in jier 0 bestien). De ôfkoarting "f.Kr." betsjut "foar Kristus", dus foàr de berte fan Jezus. Oare Westerske talen meitsje gebrûk fan soartgelikense ôfkoartings: it Nederlânsk v.Chr. ("voor Christus"), it Ingelsk B.C. ("before Christ"), it Dútsk v.Chr. ("vor Christo") en it Frânsk av. J.-C. ("avant Jésus-Christ"). Oan 'e earste pear hûndert jier nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling heakket men soms foar de dúdlikheid wolris de ôfkoarting "n.Kr." ("nei Kristus") ta.

Troch net-kristenen en ek troch kristenen dy't fine dat it brûken fan 'e namme fan 'e Jezus Kristus foar it oanjaan fan tiid ûnearbiedich is, wurdt soms ynstee fan "f.Kr." ek wol "f.d.j." of "f.ú.j." brûkt, wat "foar de jiertelling" of "foar ús jiertelling" betsjut, of "f.ú.t.", "foar ús tiid(rekkening)". Yn it Ingelsk sjocht men yn dy kontekst ek wol BCE (before the Common Era, "foar it Miene Tiidrek") ynstee fan B.C.

Hoewol't Dionysus Eksiguus earst gjin súkses hie mei syn betinksel, is de kristlike jiertelling neitiid, fan likernôch 800 ôf, yn 'e hiele Westerske wrâld, en ek yn kristlike gebieten en fermiddens yn 'e Oriïnt, yn gebrûk kommen. Troch de kulturele dominânsje fan it Westen oer de rest fan 'e wrâld is it no de meast brûkte jiertelling. De kristlike jiertelling waard oarspronklik brûkt yn kombinaasje mei de Juliaanske kalinder, mar fan 'e fyftjinde iuw ôf yn kombinaasje mei de Gregoriaanske kalinder. De kristlike jiertelling yn kombinaasje mei de Gregoriaanske kalinder wurdt no as de ûnoffisjele wrâldstandert beskôge: hy wurdt brûkt foar ynternasjonale kommunikaasje en hannel, en genietet erkenning fan 'e Feriene Naasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.