Springe nei ynhâld

Earste Punyske Oarloch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earste Punyske oarloch)
Kaart fan Rome en Kartago en har bûnsmaten.

De Earste Punyske Oarloch (264 f.Kr.241 f.Kr.) wie de earste fan de trije Punyske oarloggen, dy't útfochten waarden tusken Rome en Kartago om de hegemony oer it Westlik Middellânske Seebekken. De kriich waard fral op see striden en einige troch in Kartaachske nederlaach wêrby't hja de kontrôle ferlear oer har koloanjes op Sisylje en Sardynje, hokker eilannen sûnt dy tiid Romeinske provinciae (=wingewesten) wêze soenen.

It útbrekken fan de kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Romeinske Ryk wie sûnt de oerwinning oer Pyrrhus yn 275 f.Kr. hear en master oer it feriene Italjaanske skiereilân wurden en sochten no nei fierdere útwreidingsmooglikheden. Oan de oare kant stie Kartago, dy't al hûnderten jierren lang it westen fan it Middellânske See gebiet kontrolearre.

Oanlieding foar de kriich wie de stipe dy't Kartago ynearsten oan de stêd Messina ferliende, tsjin in oanfal fan de Grykske stêd Syrakuse. De Kartagers gongen lykwols net út Messina fuort sa't de stêd har ta Rome rjochte om help. Nei lang yn har omgean litten te hawwen waard op foarspraak fan de comitia centuriata besletten ta yntervinsje op it eilân.

De Kartaachske oanwêzigens yn it noarden fan Sisylje waard troch de Romeinen ek as bedriigjend field. Nei alle gedachten hat ek de oarlochssuchtigens fan de Romeinen yn it generaal en dy fan de senatoaren yn it bysûnder dêrby in rôl spile. Oars falt net te ferklearjen wêrom't Rome har yn in oarloch stoarte dy't foar it grutste part oersee en op see fierd wurde soe. De tweintich oarlochsskippen fan de Romeinen weagen nammentlik net op tsjin de hûnderten fan de Kartagers.

De kriich sette útein doe't Rome mei in oarloch op lân de Kartaachske koloanjes op West-Sisylje besocht yn te nimmen. Konsul Appius Kaudius Saudeks stuts yn 264 f.Kr., yn in tsjustere nacht de Strjitte fan Messina oer en sette syn leger oan wâl yn de haven fan Messina. Troch de Kartagers waard dy died beskôge as in oarlochsferklearring. By it earste belis fan Agrigentum yn 262 f.Kr. koenen de Romeinen har noch behelpe sûnder in eigen oarloachsfloat. De Kartagers moasten har nei sân moannen duorjende belegering oerjaan. De ûnderfinings dy't by dy slach opdien waarden, die beide legers fan strategy feroarjen. De Kartagers hienen yn de gaten krigen dat de Romeinen op lân min te ferslaan wienen, mar dat sy op see it sterkst wienen. Sy foelen dêrom de befoarriedingskippen fan de Romeinen oan. De Romeinen op har bart besochten in float te bouwen.

Omdat de striid op Sisylje gjin fêst resultaat hie, foel konsul Markus Atilius Regulus yn 256 f.Kr. Afrika yn. De Kartagers waarden lykwols rêden troch de Spartaanske hierlingegeneraal Ksantippos en stjoerden letter generaal Hamilkar Barkas, de heit fan Hannibal, nei Sisylje om de Grykske stêden te feroverjen.

Utsein boppesteande opsomming fan militêre kampanjes op lân, waard it grutste part fan de kriich op see fierd, it wie in seekriich, mar fral in maritime ôfmêdingsslach. Hoewol't Kartago ynearsten de grutste float hie, koe it har oerwicht net ta jilde meitsje omdat de hearskjende hannelselite fan dy stêd einliks net sa bot yn de kriich ynteresseare wie. Sels op it hichtepunt fan de kriich waard der tusken Romeinske en Kartaachske keaplju gewoan hannel dreaun!

De Kartaachske oarlochspartij bestie foar it wichtichste part út de earme ûnderklasse dy't troch (lân)roof hope har posysje te ferbetterjen. De Romeinske steat oan de oare kant libbe fan de skattingen dy't sy de ûnderwurpen folken (subiugati) en "bûnsmaten" opleinen. Yn de kriich foelen de belangen fan Romeinske sosjale lagen dus gear. Rome hie lykwols net in protte ûnderfining mei kriichfieren op see en besocht dat lange tiid te kompensearjen troch eigen betochte útfiningen te brûken lykas de corvus (interbrêge) ynstee fan it wenstige (mar folle mear seemanskeunst fergjende) wramen mei de 'rostrum'.

Ein fan de kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kriich smiet lykwols gjin beslissende súksessen op en nei goed tweintich jier wie de skatkiste fan beide partijen sa goed as leech.

Doe't Hamilkar Barkas yn 247 f.Kr. op Sisylje it Kartaachske oerbefel krige en dat jier troch hurde oanfallen in protte earder op de Romeinen ferlern rekke terrein werom wûn, bleau Rome neat oars oer as nettsjinsteande de lege kas opnij in float gear te stallen. Diskear sprong de Romeinske aristokrasy by. De finansiering fan de float mei priveejild waard feilich steld troch de garânsje op weromstoarting by in oerwinning op Kartago. Yn 241 f.Kr. besliste konsul Lutatius Katulus lang om let de kriich troch de Punyske float in swiere nederlaach ta te bringen yn de Slach by de Egadyske Eilannen. De Kartagers longeren nei dat ferlies nei frede en wienen ree om in foar harren ûngeunstige frede te sluten.

De kriich hie foar Kartago in minne neisleep. Kartago begûn mei Rome oer frede te ûnderhanneljen. By de Frede fan Lutatius waard bepaald dat Kartago swiere ophelpbetellings oan de Romeinen dwaan moasten. Dêrtroch hie Kartago net genôch jild mear om syn hierlingen te beteljen, dy't dêrnei yn opstân tsjin harren hearen kamen. Benammen Libyske hiersoldaten wisten stêden yn harren bertelân, dy't ûnder Kartaachske hearskippij wiene te stokeljen harren te helpen. De hierlingen makken ynearsten stikmannich suksessen, mar lang om let waarden se folslein ferneatige troch Hamilkar Barkas. De Romeinen makken gebrûk fan de tastân en anneksearje Sardynje en Korsika yn it neidiel fan Kartago.