HarperCollins Publishers
HarperCollins Publishers LLC | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk Britsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1989 | |
eigner | News Corp | |
fuortk. út | Harper & Row William Collins, Sons | |
dochters | sjoch ûnder ymprints | |
offisjele webside | ||
www.harpercollins.com |
HarperCollins Publishers LLC is in Amerikaansk-Britsk bedriuw dat ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e wrâld foarmet (njonken de Hachette Book Group, Holtzbrinck-Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It waard yn 1989 oprjochte as de útjouwerijdifyzje fan News Corp, en hat syn haadkertier oan Broadway 195 te New York.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1987 naam News Corp de Amerikaanske útjouwerij Harper & Row oer, dat in fúzje wie fan Harper & Brothers (oprjochte yn 1817) en Row, Peterson & Co. Nei't yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit fan News Corp kaam, waarden de beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. It logo fan it nije bedriuw wie ek in gearstalling fan it toartslogo fan Harper & Row en it fonteinlogo fan William Collins, Sons, en pleatst de flammen fan 'e toartse op 'e weagen fan 'e fontein.
Tsjintwurdich hat HarperCollins semy-selsstannich operearjende ôfdielings yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Grut-Brittanje, Austraalje, Nij-Seelân en Yndia. Boeken wurde útjûn ûnder in grut ferskaat oan ymprints, dêr't sawol eigenoprjochte ymprints ûnder binne as oernommen útjouwerijen dy't earder selsstannige bedriuwen foarmen. Sa naam News Corp yn 1999 de Hearst Book Group oer, mei dêrûnder William Morrow & Company en Avon Books, en yn 2010 waard de skoalboeke-útjouwerij Letts & Lonsdale oankocht. Dizze útjouwerijen binne no ymprints wurden fan HarperCollins.
In oare bekende ymprint fan HarperCollins is HarperVoyager, foarhinne bekend as Voyager, de wrâldwide science fiction- en fantasy-ymprint fan 'e útjouwerij. Dêryn is de Britske ymprint HarperCollins Science Fiction & Fantasy kombinearre mei de Amerikaanske ymprint Eos, dy't earder ûnderdiel útmakke fan Avon Books. Fia HarperCollins Science Fiction & Fantasy, dy't Tolkien syn oarspronklike útjouwer George Allen & Unwin oernommen hie, hat HarperVoyager tsjintwurdich û.m. de rjochten op The Hobbit en The Lord of the Rings yn 'e hannen.
Ymprints
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- foar folwoeksenen
- 4th Estate
- Amistad Press
- Anthony Bourdain Books
- Avon Books
- Avon Impulse (digitale ymprint)
- Avon Inspire
- Avon Red
- Avon Romance
- Bourbon Street Books
- Broadside Books
- Collins
- Dey Street
- Ecco Press
- Harlequin Enterprises
- Carina Press
- Harlequin Teen
- Harlequin Kimani Arabesque
- Harlequin Kimani TRU
- Harlequin Kimani Press
- Harlequin Luna
- HQN
- Mira
- Rogue Angel
- Silhouette Special Releases
- Spice
- Worldwide Mystery
- Harper
- Harper Business
- Harper Design
- Harper Paperbacks
- Harper Perennial (oarspr. namme: Perennial Library)
- HarperLuxe
- HarperOne
- HarperVoyager (foarhinne Voyager; science fiction en fantasy)
- Eos (1999-2011; no yn ûnbrûk)
- Harper Prism (no yn ûnbrûk)
- HarperWave
- Rayo
- Igniter
- It Books
- Newmarket Press
- Mischief (digitale ymprint)
- William Morrow and Company
- Witness
- William Morrow Paperbacks
- Morrow Cookbooks
- foar bern
- HarperCollins Children's Books
- Harper Festival
- HarperTeen
- HarperTeen Impulse (digitale ymprint)
- HarperTrophy
- Amistad Press
- Balzer + Bray
- Collins
- Greenwillow Books
- Katherine Tegen Books
- Rayo
- Walden Pond Press
- kristlike lektuer
- Thomas Nelson
- Grupo Nelson
- Nelson Books
- Tommy Nelson
- W Publishing Group
- WestBow Press
- Zondervan
- Blink
- Editorial Vida
- Zonderkidz
- Harper Audio
- Caedmon Audio
- HarperCollins Children's Audio
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |