Springe nei ynhâld

KNVB-beker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan KNVB beker)
KNVB-beker
De beker
De beker
jier 1899
sport Fuotbal
organisator KNVB
earste edysje 1899
Temaside  Sport

De KNVB Beker is in fuotbaltoernoai fan it Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn. Fuotbalklups út de Earedifyzje, Earste Difyzje, de kampioenen en de perioadekampioenen fan de Haadklasse amateurfuotbal, de fjouwer finalisten fan alle seis distriktbekers, de kampioen fan de beloften Eredifyzje en de winner fan de KNVB beker beloften. De finale fan it toernoai wurdt sûnt 1989 spile yn Stadion Feijenoord. De bekerwinner mei it oare seizoen dielnimme oan de tradisjonele seizoensiepening, de Johan Cruijf Skaal.

It Nederlânske bekertoernoai kaam foar it earst op it aljemint by yn in bûnsgearkomste yn De Haach op 15 jannewaris 1898. Yn dy tiid besleat it bestjoer fan it Nederlânske Fuotbalbûn in toernoai foar oansletten ferienings fan it bûn te organisearjen.

Troch ûndernimmer Hak Holdert waard in beker beskikber steld. Yn it seizoen 1898-1899 waard foar de earste kear de nei him ferneamde Holdertbeker útrikt. HFC-spiler Hisgen skreau op 7 maaie 1899 skiednis troch it earste doelpunt yn in bekerfinale te meitsjen. Troch syn doelpunt yn it duel mei HVV út De Haach krige syn klup ek noch de beker.

Earst yn 1946 krige it bekertoernoai foar it earst in oare namme en waard ek foar it earste silver brûkt foar de beker. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der net safolle edelmetaal mear, dat it wie in djoer geskink.

KNVB en Europeesk fuotbal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De winner fan de KNVB beker mei it oare seizoen meidwaan oan in Europeesk toernoai. Oant 1998 wie dat foar it Europakup II-toernoai, kwalifisearret de winner him foar it UEFA-Kup toernoai. As de winner him al kwalifisearre hat foar de UEFA Champions League, dan mei de finalist dy't ferlern hat meidwaan oant it UEFA-Kup toernoai. Yn 1998 waard in ekstra wedstryd spule tusken de ferliezers fan de heale finale, omdat de finalisten Ajax en PSV har beide kwalifisearre hienen foar de UEFA Champions League. Dy wedstryd waard yn Swol spile troch SK It Hearrenfean en FK Twinte en einige mei in 3-1 oerwinning, dat SK It Hearrenfean mocht meidwaan oan it Europakup II-toernoai. As de finalist en de winner fan it toernoai hjoed de dei by de top-5 binne, dan mei ien fan de nûmers 2 oant en mei 5 út de Earedifyzje meispylje, dy't yn de play-offs spylje om it twadde Champions-Leagueplak.

List fan KNVB beker winners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1899 RAP Amsterdam
  • 1900 Velocitas Breda
  • 1901 HBS De Haach
  • 1902 HFC Haarlim
  • 1903 HVV De Haach
  • 1904 Haarlimske FC
  • 1905 VOC Rotterdam
  • 1906 Concordia Delft
  • 1907 VOC Rotterdam
  • 1908 HBS De Haach II
  • 1909 Quick De Haach II
  • 1910 Quick De Haach II
  • 1911 Quick De Haach
  • 1912 HFC Haarlim
  • 1913 Haarlimske FC
  • 1914 FC Dordrecht
  • 1915 Haarlimske FC
  • 1916 Quick De Haach
  • 1917 Ajax
  • 1918 RCH Haarlim
  • 1919 net spile
  • 1920 CVV Rotterdam
  • 1921 Schoten
  • 1922-24 net spile
  • 1925 Zaandamse Football Club
  • 1926 LONGA
  • 1927 VUC
  • 1928 RCH Haarlim
  • 1929 net spile
  • 1930 Feyenoord
  • 1931 net spile
  • 1932 FC Dordrecht
  • 1933 net spile
  • 1934 Velocitas Grins
  • 1935 Feyenoord
  • 1936 Roermond
  • 1937 Eindhoven
  • 1938 VSV
  • 1939 Weins
  • 1940-42 net spile
  • 1943 Ajax
  • 1944 Willem II


Yn 1995 waard bierbrouwer Amstel sponsor fan it bekertoernoai. Feyenoord en FC Volendam spilen de earste finale foar de Amstel Kup, Feyenoord Rotterdam wûn dy wedstryd.

Yn augustus 2005 waard de namme wer feroare. Sûnt dy tiid waard der striden om de Gatoride Kup, ferneamd nei de sportdrankefabrikant Gatorade. Yn it seizoen 2006/2007 hite it toernoai wer KNVB beker mar Gatorade bleau sponsor fan de beker.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]