Springe nei ynhâld

Seneka de Jongere

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lusius Annaeus Seneka)
Seneka de Jongere
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Seneka
echte namme Lucius Anneus Seneca
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±4 f.Kr.
berteplak Hispanje (Romeinske Ryk)
stoarn 65 n.Kr.
stjerplak Rome (Romeinske Ryk)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre toaniel, essay's, non-fiksje
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Phaedra
Thyestes
jierren aktyf ±2065
offisjele webside
n.f.t.

Seneka de Jongere, ek wol koartwei bekend as Seneka (folút: Lusius Anneüs Seneka; ±4 f.Kr.65 n.Kr.) wie in Romeinsk filosoof, toanielskriuwer, skriuwer, briefker en steatsman. Hy wie de soan fan 'e retoarikus Seneka de Aldere en waard berne yn 'e Romeinske provinsje Hispanje. As priveelearaar en letter riedsman fan keizer Nearo rekke er behelle yn 'e heechste fermiddens yn Rome. Hoewol't er úteinlik twongen waard ta selsmoard foar syn bewearde belutsenens by in gearspanning tsjin Nearo, hat it wol kâns dat er ûnskuldich wie.

Oer Seneka syn iere libben is net in protte bekend. Op grûn fan boarnen út 'e Aldheid is syn biografe Miriam Griffin fan tinken dat er berne wêze moat yn 'e Romeinske provinsje Hispanje, yn 8, 4 of 1 f.Kr. Hja mient dat 4 of 1 f.Kr. it wierskynlikst binne. Fierders leaut se dat er yn 5 n.Kr. al yn Rome wenne en dêr de rest fan syn jonkheid trochbrocht. Neffens eigen sizzen waard Seneka de stêd yn droegen yn 'e earms fan syn memme styfsuster.

Yn elts gefal wie syn famylje ôfkomstich út Kordoba, op it Ibearysk Skiereilân. Hy wie de twadde soan fan 'e rike retoarikus Lusius Anneüs Seneka, dy't letter bekend kaam te stean as Seneka de Aldere, en dy syn frou Helvia. Syn âldere broer Gallio brocht it ta prokonsul fan 'e Romeinske provinsje Acheä, yn Grikelân. Syn jongere broer Anneüs Mela waard de heit fan 'e dichter Lukanus. Seneka waard yn Rome ûnderrjochte yn 'e retoarika en de stoïsynske filosofy. Ut syn eigen geskriften docht bliken dat er in minne sûnens hie, en dat er in hoart fersoarge wurden is troch syn muoike. Mei't dy fan 16 oant 31 yn Egypte tahold, moat er dat lân teminsten ris besocht hawwe, en is it mooglik dat er dêr langere tiid trochbrocht hat.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 31 sette Seneka útein mei in karriêre as politikus. Fuort nei't de beruchte keizer Kaligula yn 38 oan it bewâld kommen wie, rekke Seneka mei him deilis, en Kaligula skynt him inkeld it libben sparre te hawwen om't er sa'n minne sûnens hie dat de keizer miende dat er mei gauwens fansels wol stjerre soe. Doe't Klaudius Kaligula yn 41 opfolge, ferballe dy Seneka op oanstean fan syn trêde frou Falearia Messalina, nei Korsika, fanwegen de beskuldiging dat er in bûtenechtlike relaasje hân hie mei Kaligula syn suster Julia Livilla. Seneka brocht syn ballingskip troch mei filosofyske en biologyske stúdzje en skreau syn treastbrieven. Yn 49 liet Klaudius syn fjirde frou, Agrippina de Jongere, Seneka út syn ballingskip weromroppe om priveelearaar te wurden fan har soan Nearo, dy't doe tolve jier wie. Nei Klaudius syn dea, yn 54, soarge Agrippina der teffens foar dat Nearo op 'e troan kaam yn it stee fan syn âldere healbroer Britannikus.

De Dea fan Seneka, troch de keunstskilder Luca Giordano (1684).

Fan 54 oant 62 tsjinne Seneka as Nearo syn riedsman, tegearre mei de pretoriaanske prefekt Sekstus Afranius Burrus. Benammen yn it earste jier fan it regear fan Nearo skynt Seneka syn ynfloed op it belied grut west te hawwen. De histoarisy Tasitus en Kassius Dio wolle hawwe dat Nearo yn it earste part fan syn regear, doe't er noch om it sizzen fan syn beide riedslju joech, in kompetint hearsker wie. Seneka syn biografe Miriam Griffin hat lykwols fêststeld dat der mar amperoan konkreet bewiis is foar Seneka syn ynfloed op 'e keizer. Hoe dan ek, Nearo waard almar eigenwizer en dôfhûdiger, en syn riedslju ferlearen stadichoan harren ynfloed op him (as hja dy al ea hân hiene). Neffens boarnen út 'e (lettere) Aldheid stimden se yn 59 mei tsjinnichheid ta yn it út 'e wei romjen fan Agrippina, en neitiid soe Seneka in ûnoprjocht brief dat Nearo ûntskuldige oan 'e senaat skreaun hawwe. Nei't Burrus yn 62 stoarn wie, loek Seneka him út 'e polityk werom om him oan syn stúdzje en skriuwerij te wijen.

Yn 65 rekke Seneka behelle yn 'e neisleep fan 'e Pisoanyske Gearspanning, in plan om Nearo dea te dwaan. Hoewol't er nei gedachten net ien fan 'e gearspanners wie, krige er fan Nearo it befel om himsels tekoart te dwaan. Dat died er op 'e tradisjonele manear fan syn tiid en kultuer, troch ferskate ieren iepen te snijen en himsels deabliede te litten. Syn frou Pompeja Paulina besocht syn lot te dielen, mar neffens it ferhaal sa't dat troch Tasitus ferteld wurdt, joech Nearo befel om har tsjin te hâlden. Har wûnen waarden ferbûn en se besocht neitiid net wer om 'e hân oan harsels te slaan. Neffens itselde ferslach blette Seneka mar stadich, en ûndergie er gjin flugge dea, mar in stadige tramtearring. Doe't it ynnimmen fan gif likemin holp, liet er in waarm bad foar himsels reemeitsje, om't fan warmte it bloed flugger begjinne moast te rinnen. Yn dat bad soed er stoarn wêze, al smoarde er neffens Tasitus mear fan 'e steam fan it hjitte wetter, as dat er oan bloedferlies beswiek. Sa't er sels woe, waard Seneka neitiid kremearre sûnder dat dêrby de wenstige begraffenisriten yn acht nommen waarden.

Seneka de Jongere wie en is noch altyd ien fan 'e mar in pear populêre Romeinske skriuwers. Dante Alighieri, Francesco Petrarca en Geoffrey Chaucer hiene grut respekt foar him, en hy ferskynt dan ek yn in byrol yn harren wurken. Yn 'e Renêssânse waarden der rûnom printe edysjes en oersettings fan syn wurk útjûn, wêrûnder in printinge dy't bewurkmastere wie troch Desidearius Erasmus, en in kommentaar op Seneka syn wurk fan 'e hân fan Jehannes Kalvyn.

trageedzjes
  • Hercules Furens ("De Gekte fan Herkules")
  • Troades ("De Trjojaanske Froulju")
  • Phoenissae ("De Fenisyske Froulju")
  • Phaedra ("Fedra")
  • Thyestes ("Tyestes")
  • Hercules Oetaeus ("Herkules yn Oita"; taskriuwing twifelich)
  • Agamemnon
  • Oedipus ("Oidipoes")
  • Medea ("Medéa")
  • Octavia ("Oktavia"; tradisjoneel taskreaun oan Seneka, mar no unanym beskôge as in wurk fan immen mei in yntime kennis fan Seneka syn trageedzjes, dat koart nei Seneka syn dea skreaun is)
essays en brieven
  • 40: Ad Marciam, De Consolatione ("Oan Marcia, Ta Treast"; in brief oan in Marcia, ta treast nei it ferlies fan har soan)
  • 41: De Ira ("Oer Lulkens"; in traktaat oer de gefolgen fan lulkens)
  • 42: Ad Helviam matrem, De consolatione ("Oan Us Mem Helvia, ta Treast"; in brief oan syn mem ta treast fanwegen syn ballingskip)
  • 44: De Consolatione ad Polybium ("Oan Polybius, ta Treast"; in brief oan in Polybius, ta treast om't syn soan mist waard)
  • 49: De Brevitate Vitae ("Oer de Koartheid fan it Libben"; in essay)
  • 55: De Constantia Sapientis ("Oer de Wisberettens fan de Wize Persoan")
  • 56: De Clementia ("Oer Genede"; in brief skreaun oan Nearo, wêryn't de klam lein wurdt op de needsaak fan genede as skaaimerk fan in hearsker)
  • 58: De Vita Beata ("Oer it Lokkige Libben")
  • 62: De Otio ("Oer Frije Tiid")
  • 63: De Beneficiis ("Oer Foardielen"; sân boeken)
  • 63: De Tranquillitate Animi ("Oer de Fredigens fan it Ferstân")
  • 64: Epistulae Morales ad Lucilium ("Morele Brieven oan Lusilius"; in samling fan 124 brieven oangeande morele saken oan Lusilius Junior)
  • 64: De Providentia ("Oer de Foarsjennichheid")
oar
  • 54: Apocolocyntosis divi Claudii ("De Pompoenisearring fan 'e Godlike Klaudius"; in satirysk wurk oer keizer Klaudius)
  • 63: Naturales quaestiones ("Fraachstikken oangeande de Natuer"; sân boeken oer kosmology, meteorology en sa)

Briefkerij mei de apostel Paulus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Brief oan Seneka de Jongere.

Seneka soe ek in briefkerij mei de kristlike apostel Paulus fan Tarsus ûnderholden hawwe, mar fan 'e Aldheid ôf wie al bekend dat it dêrby om ferfalskings gie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.