Springe nei ynhâld

Medéa (toanielstik)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mēdeia)
Medéa
algemiene gegevens
oarspr. titel Μήδεια
auteur Euripides
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 431 f.Kr.
1e opfiering 431 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Medéa
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Medéa of Medeia, yn it oarspronklike Aldgryksk: Μήδεια, Mēdeia, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides480406 f.Kr.),dy't him derfoar basearre op 'e myte oer Jason en Medéa. It stik giet oer de wraak fan in frou dy't troch har man ferret wurdt, en waard foar it earst opfierd as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, yn 431 f.Kr. Hoewol't it publyk yn Euripides syn tiid it net bysûnder wurdearje koe (it kaam net fierder as in trêde en lêste plak), hat it yn lettere tiden de lju bot yn 'e besnijing krigen nei't it werûntdutsen wie yn it Rome fan 'e earste iuw, it renêssansistyske Jeropa fan 'e sechstjinde iuw en troch literêre kritisy yn 'e tweintichste iuw. Tsjintwurdich wurdt Medéa gauris beskôge as in proto-feministysk toanielstik, hoewol't it mar de fraach is oft Euripides it sa bedoeld hat. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

It toanielstik bordueret fuort op 'e eksploaten fan Jason en de Argonauten, in bekend ferhaal út 'e Grykske mytology. Jason en syn selskipslju út Argos sylden nei de eastkust fan 'e Swarte See, dêr't se yn it keninkryk Kolchis (yn it hjoeddeiske Georgje) nei in protte avontueren de goudene skieppeflues wûnen dêr't it har om te dwaan wie. Jason wûn dêropta ek noch de Kolchityske prinsesse Medéa, de dochter fan kening Eëtis, mei wa't er troude en dy't er neitiid mei werom naam nei Grikelân ta. As Medéa begjint, is it jierren letter en hat Jason lykwols syn frou ferlitten om mei Glauke, de dochter fan kening Kreön fan Korinte te trouwen. Medéa beklaget har lot en har ferlies, wylst in âldere tsjinstfaam yn noed sit oer wat se harsels of har bern oandwaan kinne soe.

Kening Kreön, dy't it spul ek net fertrout, arrivearret om Medéa út syn stêd te ferbaljen, mar op har smeekbea om ien dei útstel, jout er mei tsjinnichheid ta. Dêrnei komt Jason by Medéa om syn hâlden en dragen te rjochtfeardigjen. Hy leit út dat er de kâns om mei in echte (want Grykske) prinsesse te trouwen fansels net foarbygean litte koe; Medéa is ommers úteinlik mar fan barbaarsk komôf, dat har keninklik bloed telt net. Hy sprekt fierders syn hope út dat er syn beide gesinnen nei syn oansteand houlik gearfoegje kinne sil, sadat er Medéa as syn mêtresse hâlde kin. Medéa en it koar, dat bestiet út Korintyske froulju, leauwe der neat fan. Medéa bringt Jason yn 't sin dat se har heitelân en folk foar him efterlitten hat, dat se him op syn aventoeren rêden hat fan in skriklike draak, dat se de mem fan syn bern is, dat se as barbaarske frou yn it barbaren haatsjende Grikelân nearne keare kin. Jason wegeret lykwols en harkje nei har.

Nei't Jason him ôfjûn hat, wurdt Medéa opsocht troch Egéus, de kening fan Atene. Dy sit deroer yn dat er mar gjin bern kriget, en hy begrypt de útspraak fan in orakel dat er om dy reden besocht hat net. Medéa biedt oan om him en syn frou te helpen, as hy yn ruil dêrfoar taseit dat er har beskermje sil tsjin har fijannen. Hoewol't Egéus gjin idee hat fan wat se yn 't sin hat, ûnthjit er har asyl te bieden, mei as iennichste betingst dat se op eigen krêft Atene sjen moat te berikken.

In ôfbyld fan Medéa dy't har soan fermoardet, op in Kampanyske amfoara út omtrint 330 f.Kr., te sjen yn it Louvre.

As Egéus fuortgien is, makket Medéa plannen om Glauke te fermoardzjen. Se beslút om 'e goudene mantels, in geskink fan 'e sinnegod Helios en in erfstik fan Jason syn famylje, yn te smarren mei gif, yn 'e hope dat Jason syn nije frou de ferlieding om dy klaaiïngsstikken oan te dwaan net wjerstean kinne sil. Medéa beslút ek om har eigen bern te deadzjen, poer om't dat har de bêste manear taliket om Jason te treffen. Se ûntskuldiget har oan Jason foar har earder hâlden en dragen, en stjoert Glauke, sabeare om it goed te meitsjen, de giftige mantels ta. Neitiid komt in boadskipper by Medéa, dy't berjochtet dat Glauke stoarn is sadree't se de mantels oandie, en dat boppedat ek har heit Kreön, dy't har besocht te helpen, omkommen is.

Medéa is ynnommen mei hoe't har plannen oant no ta útpakt binne, mar om Jason syn plannen foar in nij gesin folslein te ferrinnewearjen moatte harren bern ek noch dea. Se hastiget har de kûlissen yn mei in grut mês. Fuort dêrnei klinke der bernegjalpen, dy't al gau ferstomje. Koarte tiid letter komt Jason oanstowen om 'e moard op Glauke te wreekjen, mar tsjinners fertelle him dat syn bern ek dea binne. Medéa ferskynt dan boppe him yn 'e striidwein fan Helios (yn 'e Aldheid rêde men dat wierskynlik op mei it mechane-apparaat, dat ornaris brûkt waard foar de ferskining fan in god of goadinne). Se hunet Jason en ûntkomt mei de liken fan har bern nei Atene, wylst it koar de wil fan 'e goaden yn har dieden besiket te ûntdekken.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Mēdeia waard foar 't neist yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske Ilias en Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek Medéa fan Euripides yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e katalogus fan Tresoar is dat lykwols net werom te finen, dat Medéa leit spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar it moat foàr 2004 west hawwe, en mei it each op it feit dat Bruinsma yn 'e jierren njoggentich tige yn 't spier west hat mei it fertalen fan oare Aldgrykske trageedzjes (wêrûnder Euripides syn Alkêstis, dat er yn 1995 oersette), sil Medéa foar 't neist ek út dy snuorje datearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.