Polyneezje
Appearance
(Trochferwiisd fan Polyneesje)
Polyneezje (soad eilannen) is ien fan de trije grutte eilânnekloften yn de Grutte Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. Rûchwei foarmet it in trijehoek mei Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân as hoekpunten. It totale lân oerflakte is om-ende-by 294.000 km² op in oerflaktewetter fan mear as 50 miljoen km². Yn totaal binne der mear as 1000 eilannen dy't by Polyneezje hearre.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende eilannen en eilânkeatens lizze yn Polyneezje:
- Aitutaky
- Bakereilân
- Cookeilannen
- Gambiereilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Genoatskipseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Hawaï
- Howlâneilân
- Johnstonatol
- Kermadeseilannen
- Line-eilannen (part fan Kiribaty, omfiemet allyksa Kingmanrif, Palmyra-atol en Jarvis)
- Marquesaseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Midway-eilannen
- Naurû
- Nij-Seelân
- Niue
- Peaske-eilân
- Phoenikseilannen of Rawaky (part fan Kiribaty)
- Pitcairneilannen
- Samoa-eilannen (omfieme Samoa en Amerikaansk-Samoa)
- Tahity
- Tokelau-eilannen
- Tonga
- Tuamotu-eilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Tuvalu
- Wallis en Futuna
- Súdlike Eilannen of Tubuai-eilannen (part fan Frânsk-Polyneezje).
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike befolking fan dizze eilannen sprekke (of sprutsen) nau oan inoar besibbe talen, dy't ta de Maleis-Polynesyske of Austronesyske talenkloft hearre.
Kontakten mei Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al lang foardat Kolumbus Amearika ûntdekke, bestiene der al kontakten tusken de Polyneezjers en de Amearika's.