Sappemeer
Sappemeer | ||
Sint-Willebrordustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.085 (1 jannewaris 2021) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 9611 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' NB, 6° 47' EL | |
Kaart | ||
Sappemeer (Grinslânsk: Sapmeer), eartiids ek Sapmeer neamd, is in plak en tagelyk in eardere mar yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It is boppedat de namme fan de eardere gemeente dy’t yn 1949 opgien is yn de gemeente Hegesân-Sappemeer. Sûnt 1 jannewaris 2018 heart Sappemeer ta de gemeente Midden-Grinslân.
De Sappemar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Sappemeer is neamd nei it Sappemeer, Sapmeer of Duivelsmeer, in earder feanmarke mei 2 tot 4 meter djipte, dat útwettere yn it rivierke de Sijpe. Mooglik is de Sapmar nei de Sijpe neamd. It Sap meer stiet ôfbylde op de provinsjekaart fan Barthold Wichering út 1616. Neffens de Grinzer stedsrekken út 1617 wie it "een vreesselijk en vermaard meer, bij veel ouden gemeenlijk Sappemeer, ook om het groote geraas van het water het Duivelsmeer genaamd, hebbende op vele plaatsen doorgaans 16, 14, 12 en tenminste 7 voet water".[2] In resinte sêge stelt dêrfoaroer lykwols dat it marke neamd is nei de duvel Sappe.[3]
De Sappemar lei oarspronklik op it grûngebiet fan it kerspel Zuidbroek en wie mooglik identyk oan de Broeckster meer, dat yn 1503 foar it earst neamd wurdt.[4] De mar besloech de omjouwing fan it Achterdiep fanôf Winkelhoek oant en mei de Jagerswyk en de omjouwing fan de Noarderstrjitte oan de noardkant fan de Middenwei (eartiids Swartewei neamd). Besuden dêrfan lei de buorskip Kleinemeer of Kleine Sapmeer oan beide siden fan it Kleinemeersterdiep (no: Vosholen). Beide marren waarden drûchlein neidat it Winschoterdiep of Schuitendiep yn de jierren 1614 oant 1617 oant dat Sapmeer trochlutsen wie. De wetterspegel fan de mar lei inkele meters heger as it hjoeddeiske meanfjild; ek de sânhichten by Spitsbergen (2 m +NAP) stiene kenlik in ein ûnder wetter.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Grins waard yn 1613 eigener fan in noch net ûntgûn feangebiet oan de eastside fan de stêd, dat de provinsje acht jier dêrfoar oan in Utertske of Rheenske Kompanjy ferpachte hie. Om it gebiet yn kultuer te bringen waard fan 1618 ôf it Wynskoaterdjip grûven. It doarp is yn 1621 ûntstien, doe’t inkelde ferfeanters har der fêstigen. Yn 1631 sluet it stedsbestjoer fan Grins in kontrakt mei de Fryske ferfeanter Feijthije Ottens, dy’t begûn mei it oanmeitsjen fan it Sappemeer en it Kleinemeer. Sappemeer waard it earste sintrum yn de Grinzer Feankoloanjes.
Sappemeer wie oarspronklik as doarp (net as gemeente) dan ek grutter as it oanbuorjende Hegesân. De gemeente Sappemeer hie by de oprjochting yn 1795 2.077 ynwenners (foar 4.044 foar Hegesân), dat yn 1859 trochgroeid wie nei 3.475, yn 1899 nei 6.117 en yn 1947 nei 7.224. Doe’t der yn Hegesân yn de 19e iuw yndustry kaam, groeide it oant Sappemeer. Yn 1949 waarden beide doarpen gearfoege ta ien gemeente, wêrby’t Hegesân wylst it dominante plak wurden wie.
Geografy en geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it kerspel Sappemeer leine oarspronklik de buorskippen en útbuorren Achterdiep, Heerenlaan, Jagerswijk, Kleinemeer, Winkelhoek, Borgercompagnie (foar in part), Tripscompagnie (foar in part) en Spitsbergen (foar in part). It doarp Sappemeer bestiet yn de 21e iuw út de wiken en buerten Margrietpark, Sappemeer-East, Boswijck-West en -East, Compagniesterpark, De Vosholen-West en -East (mei Kleinemeer), Nieuw Woelwijck, Polder de Nijverheid en Sappemeer-Noard (mei it Achterdiep en Jagerswijk). Allinnich de lêste wyk hat syn eigen plaknammeboerden.
Op it grûngebiet fan Sappemeer leine de eardere wetterskippen Kleinemeer (1775), Overwater (1793), Jagerswijk, Spitsbergen en Kostverloren (1793), Borgercompagnie-Westkant (1835), Molepolder De Nijverheid of Oostkant Kleinemeer (1857), De Winkelhoeken (foar 1934) en De Waker (1962).
Sappemeer leit fuort neist it ierdgasfjild fan Slochteren, dêr’t ierdgas wûn wurdt. Nei 2010 wiene der in soad ierdskoddings yn dit polderrike gebiet[5] Dizze ierdskoddings soargen foar in soad skeameldingen oan gebouwen.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koepeltsjerke út 1653-1655 mei achtkantige koepel
- Moetingstsjerke út 1910
- Fermanje fan Sappemeer (1846)
- Buitenlust, in feankoloniale boerepleats út 1858
- Welgelegen, in feanboarch út 1655
- eardere Ryks-HBS út 1868
- HH. Martinus-Willibrordustsjerke út 1873
- Histoaryske Skipswerf Wolthuis
- Eartiidske moutwynfabryk út 1839 oan de Noarderstrjitte.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Sappemeer leit it treinstasjon Sappemeer East, oan de spoarferbining fan Bad Nijeskâns en Feandam nei Grins. Op it stasjon stoppet troch de wike fjouwer kear yn it oere in trein rjochting Grins en 2 kear yn it oere in trein nei sawol Bad Nijeskâns as Feandam. Yn maaie 2007 is op it stasjon in nije glêzen wachtromte boud.
Fierders hat spitsbus 174 (Grins P+R Zernike - Veendam) in oantal stophaltes yn Sappemeer. Ek spitsbus 76 (Grins CS - Feandam) rydt sûnt begjin 2011 troch Sappemeer en troch Hegesân fia Kielwindeweer nei Feandam. Servicebus 276 fan Sappemeer nei Hegesân fia de rûte: Gorecht - Stasjon Martenshoek - De Hooge Meeren - Kerkstraat - Sappemeer - Stasjon Hegesân-Sappemeer.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- fuotbalferiening HSC.
Berne yn Sappemeer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abraham Martinus Sorg (1738-1825), arsjitekt
- Cornelis Star Busmann (1800-1858), jurist en politikus
- Tunnijs Venema (1813-1899), boargemaster
- Charlotte Jacobs (1847-1916), earste apoteekster yn Nederlân en Nederlânsk-Ynje
- Aletta Jacobs (1854-1929), earste froulike arts yn Nederlân ek aktiviste foar frouljuskiesrjocht. Nei har is in strjitte neamd yn Sappemeer en in skoallemienskip yn Hoogezand-Sappemeer
- Jan Vroom sr. (1855-1923), tún- en lânskipsarsjitekt
- Tammo Sijtse Bakker (1861-1893), boargemaster
- Frits Rijkens (1889-1998), wie de âldste libbene man fan Nederlân
- George Hofmann (1890-1957), ûnderdiel fan Duo Hofmann
- Lambertus Hendrik de Langen (1900-1993), yngenieur en heechlearaar
- Jo Vegter (1906-1982), arsjitekt
- Henk Vos (1943-1999), lid fan de Twadde Keamer
- Jos Stokkel (1960), dammer
- Anita Loorbach (1964), âld-langebaanrydster
- Marianne Timmer (1974), eardere hurdrydster mei 21 Nederlânske titels en trije gouden medaljes op de Olympyske Spullen
- Maaike Vos (1985), shorttrackster
- Keziah Veendorp (1997), fuotballer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|