Springe nei ynhâld

Suriname

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Surinamers)
Republyk Suriname
Flagge fan Suriname Wapen fan Suriname
Flagge Wapen
Lokaasje fan Suriname
Offisjele taal Nederlânsk
Haadstêd Paramaribo
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
163.820 km²
1,1­%
Ynwenners (2020) 609.569
Munt Surinaamske dollar (SRD)
Tiidsône UTC -3
Nasjonale feestdei 25 novimber
Lânkoade SUR
Ynternet .sr
Tillefoan 597
Politike kaart fan Suriname

Suriname, Surinam, of Sranang is in lân yn Súd-Amearika, dy't eartiids ek Nederlânsk-Guyana as namme hie. It lân hat in befolking fan likernôch in heal miljoen minsken, dêr't de helte fan yn 'e haadstêd Paramaribo wennet. De earere legerlieder Desi Bouterse wie fan 12 augustus 2010 oant 31 july 2020 presidint fan it lân. Hy waard opfolge troch Chan Santokhi.

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip yn Suriname

It lân oan de noardeastkust fan Súd-Amearika is ferneamd nei de Suriname rivier, dy't by Brokopondo in grutte opslachmar hat en by Paramaribo yn de Atlantyske Oseaan útmûnet. De noardlike kuststripe bestiet út sompegebiet dat tusken de 26 oant 100 km breed is. Efter de kustflakte, dêr't goed 80% fan de befolking wennet, bestiet it middenpart fan Suriname út leech, gloaiend bosklân, dat troch houtkap lykwols hjir en dêr driget te feroarjen yn Savanne. Noch fierder lân ynwerts giet it bosklân stadichoan oer yn mei tichte oerwâlden bedekte en foar it meastepart ûnoantaaste Toemoek-Hoemak berchtme.

Yn de súdlike helte fan it lân lizze meardere rigen bergen, dy't meiïnoar ta it Heechlân fan Guyana hearre. Dat binne û.o. it Oranjeberchtme, Van Asch van Wijckberchtme, Wilhelminaberchtme, Eilerts de Haanberchtme, Grinsberchtme en it al earder neamde Toemoek-Hoemakberchtme. De heechste pyk fan Suriname is de Julianatop op 1280 meter hichte.

De wichtichste rivieren binne de al neamde Surinamerivier, de Coppename, de Tapanahony, de Saramakka en de Korantyn, dy't de grins mei Guyana foarmet.

De Arawaakse en Karibyske folkskloften wienen de earste bewenners fan Suriname, hja hawwe har dêr yn 3000 f.Kr. ta wenjen set. Fan de 17e iuw ôf besochten de Britten en Nederlanners hieltyd de sizzenskip oer it lân te krijen. Uteinlik krigen de Nederlanners dat troch in ferdrach te sluten mei de Britten oer de koloanje.

De Nederlanners brochten skipsfrachten mei slaven út Afrika nei Suriname ta, dy't dêr oan it wurk setten waard op 'e plantaazjes. Kloften slaven koenen flechtsjen en lutsen it binnenlân dêr't guons de Nederlânske plantaazjes út de jungle oanfoelen. 1873 wie de offisjele ein fan 'e slavenhannel. Tenei holden de Nederlanners kontraktwurkers út Yndia en Yndoneezje.

Yn 1954 krige Suriname in autonoam regear, Nederlân hâlde de útlânske saken en definsje ministearjes. Yn 1973 sette de NPK út ein mei in petear oer folsleine ûnôfhinklikens fan Nederlân. Op 25 novimber 1975 is Suriname offisjeel fan Nederlân ûnôfhinklik wurden.

Nei de ûnôfhinklikens gong it hurd minder mei de ekonomyske situaasje yn it lân. Neidat yn 1974 50.000 Surinamers gebrûk hawwe makke fan har Nederlânske steatsboargerskip om nei Nederlân te kommen emigrearre nei de ûnôfhinklikens noch ris ientredde fan de befolking om te ûntsnappen oan de slimme situaasje yn har lân. It feroaren fan bewâld troch de by militêre kûp oan de macht kommen Desi Bouterse brocht gjin stabiliteit, mar hawwe foar nei swierrichheden soarge.

It meastepart fan de ynwenners wennet yn it noarden fan it lân, yn de distrikten Paramaribo, Wanika en Nikkery. It tinstbefolke diskrikt is Sipaliwiny, dat it grutste part fan it binnenlân beslaat.

De gearstalling fan de befolking is tige ferskaat en bestiet út in grut tal etnyske groepen, dêr't de Hindoestanen (27,4 %), Kreoalen (17,7 %), Bosknegers of Marrons (14,7 %) en Javanen (14,6 %) de grutste kloften fan binne.

Yn Nederlân wenje om-ende-by 350.000 minsken fan Surinaamske komôf. Fral yn de tiid om de ûnôfhinklikheid hinne en nei militêre kûp fan 1980 of nei de Desimbermoarden fan 1982 gongen in soad út Suriname wei.

Yn Suriname wurde mar leafst tweintich talen sprutsen. It meastepart fan de Surinamers is meartalich en sprekt faak ek goed Ingelsk. De offisjele taal is it Nederlânsk.

Wat de godstsjinst oanbelanget wie yn 2007 it meastepart fan de befolking (40,7%) in oanhinger fan in kristlike religy. Twadgrutste wie it hindoeïsme (19,9%) en mei 13,5% de islam tredde.