Springe nei ynhâld

Domitianus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Titus Flavius Domitianus)
búste fan Domitianus

Titus Flavius Domitianus (24 oktober 51 - 18 septimber 96), wie keizer fan Rome fan 81 oant 96. Hy wie de soan fan Fespasianus en de broer fan Titus.

Domitianus wie nei Titus de twadde keizer binnen de Flavyske dynasty dy't de troan troch fererving krige. By de Romeinske senaat, en benammen by de histoarikus Tasitus wie hy net tige populêr. Lykwols wied er in kundich bestjoerder en befelhawwer fan it leger dy't der in slagge de skatkiste wer fol te krijen. De legioenen oan de Limes (Ryn) waarden troch him reorganisearre. Hy ferpleatste it 22ste Primigenia fan Neder- nei Boppe-Germaanje en set in nij legioen derfoar yn it plak: de earste Minervia. Fijannige folken as de Sjatten ûnderwurp er en in part fan Germaanje (it tsjintwurdige Baden-Württemberg) kaam yn Romeinske hannen.

Oan de Donau hie hy te krijen mei in slimme bedriging troch de Kwaden, Markomannen en Daasjers. In folslein Romeinsk legioen waard troch de Sarmaten ferneatige. Desebalus, de kening van Daasje luts de Donau oer Moesje yn en deade Oppius Sabinus, de Romeinske gûverneur. Dêrnei lutsen de Daasjers harren gau wer tebek. Domitianus sinde op wraak en stjoerde it Romeinske leger Daasje yn, dy't lykwols ferslein waard. Domitianus joech net op en stjoerde syn generaal Antonius Julianus op 'e nij it fijannige gebiet yn, diskear mei súkses. De Dasyske kening moast om frede freegje en keizer Domitianus hâlde in triomftocht yn Rome.

Keizer Domitianus waard fermoarde troch in gearspanning yn syn paleis dêr't syn frou Domitia en offisieren fan de Praetorjaanske garde by belutsen wienen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]