Watse Hiddema
Appearance
(Trochferwiisd fan Wâtse Hiddema)
Watse Hiddema (Balk, 4 augustus 1928 - Frjentsjer, 25 desimber 2011) wie genêshear-direkteur fan de Psychiatryske Ynrjochting yn Frjentsjer. Neist syn wurk makke er in soad tiid frij foar de Fryske kultuer. Sa wie er foarsitter fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, Ried fan de Fryske Beweging, de Fryske Rie en de Fryske Kultuerried. Ek wie er bestjoerslid fan It Skriuwersboun, dêr't yn 1994 it sulveren jubileum fierd waard. Hy hat tegearre mei Jelle Bangma de skiednis fan it Boun teboeksteld. Jierrenlang wie er samler fan it Rely Jorritsma Fûns. Dêrneist koe Hiddema in soad Fryske lieten út 'e holle, fan Piter Jelles oant dy fan Tetman. Hiddema ferstoar op earste krystdei 2011 yn 'e âldens fan 83 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|