Springe nei ynhâld

Hûs fan Wedde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wedderboarch)
Hûs fan Wedde
Wedderborg
Wedderburcht
bouwurk
It Hûs fan Wedde yn 2015
It Hûs fan Wedde yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
plak Wedde
koördinaten 53°4′2′′ NB 7°4′21′′ EL
bysûnderheden
type bouwurk boarch
boujier 1362
offisjele webside
www.burchtwedde.nl

It Hûs fan Wedde, Wedderborg, Wedderburcht, of ek wol Addingaborg neamd, is in boarch yn it doarp Wedde yn it easten fan de Grinslân. De boarch wie de sit fan de hearen fan Westerwâlde en is dus tige ferbûn mei de skiednis fan dy regio.

De boarch waard yn 1362[1] boud troch Adde Addinga, dy't Westerwâlde yn lien krige fan de Abdij fan Corvey. De Addinga's wiene in haadlingefamylje út it Fryske Reiderlân, mar Adde Addinga ferlear syn besit troch de úttynjende Doalert mei de Sint-Marsellusfloed fan 1362. Om syn posysje te fersterkjen yn Westerwâlde, liet er de boarch bouwe. Addinga en syn neiteam hiene it lykwols dreech en fêstigje harren gesach dêre. Westerwâlde wie in hearlikheid fan it Bisdom Múnster en de Abdij fan Corvey, mar regele troch middel fan it Westerwâldske lânrjocht syn saken almeast sels. Spul ûntstie doe't Addinga de rjochtspraak nei de boarch ferhúzje woe, dat neffens it folk tsjin it lânrjocht wie. De Addinga's lieten yn 1460 in muorre om de boarch hinne bouwe. Troch stipe fan de stêd Grins oan it folk moasten de Addinga's belies jaan. Yn 1478 waard de boarch mei de noch net dienmakke muorre ferneatige. Grins liet de Pekelboarch oan de Pekel A bouwe om harren ynfloed út te wreidzjen. De Wedderboarch waard yn 1486 fannijs troch Hayo Addinga boud, nei't er tastiming fan de biskop fan Múnster krigen hie.

Derck Haselhoff en syn neiteam wiene yn it tiidrek fan 1637 oant 1803 boarchgreve fan de boarch. Hja wiene ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan it rjocht yn Westerwâlde.

It ynnimmen fan de boarch troch greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg

Yn 1530 waard de boarch troch Karel fan Gelre ynnaam. Hy stelde Berend fan Hackfort oan as drost en dy fersterke de boarch yn 1532. Der waard in nije ringmuorre mei fjouwer dwingers oanlein en der kaam in poartegebou mei sellen foar finzenen. Foar de bou waard de tsjerketoer fan Vlagtwedde sloopt. Hackfort slagge der lykwols net yn en hâld de boarch yn hannen, want yn 1536 waard de boarch troch Georg Schenk fan Toutenburch ynnaam en dy waard yn namme fan keizer Karel V drost, en hy liet syn wapen yn de toer mitselje. Yn 1561 gie de boarch oer nei Jan fan Arenberch, en dy en syn neiteam waarden hear fan Westerwâlde. Mei it úteinsetten fan de Tachtichjierrige Kriich oermastere greve Adolf fan Nassau de boarch. Fan dêrwei luts er foar de Steatsken nei Hilligerlee dêr't er tsjin de Spaanskgesinde Jan fan Arenberch stride yn de Slach by Hilligerlee. Beide foaroanmannen kamen yn dy striid om. Greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg hie it jild net foar in hierleger en moast de boarch ferlitte. De neiteam fan Jan fan Arenberch beneamden Mathias Ort as boarchhear. Yn de folgjende 25 jier waard de boarch stikmannich kearen plondere troch Steatske en Spaanske legers. Yn 1593 waard de boarch foargoed troch Willem Loadewyk ynnaam.

Lettere ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brêge nei de boarch
Wapen fan Schenk fan Toutenburch

De neiteam fan Fan Arenberch krigen einlings harren besit werom fan de Steaten-Generaal en dy ferkochten it yn 1617 oan keapman Willem van Hove út Alkmar, dy't de boarch twa jier letter oan de stêd Grins ferkocht. De stêd waard eigener fan de boarch en ek hear fan Westerwâlde. De boarch waard it sit fan de drost út namme fan Grins. De stêd bleau de eigener oant de Frânske tiid. De biskop fan Múnster hat de boarch yn dy tiid twaris oermastere (1665 en 1672).

Yn de achttjinde iuw rekke de boarch yn it neigean. Om 1750 hinne waard de lêste dwinger sloopt. Yn dy tiid waard Rudolf de Mepsche, dy't grytman fan 't Faan wie, drost fan de boarch. Hy wie ferneamd om de prosessen fanwegen sodomy dy't er tsjin in tal manlju yn syn rjochtsgebiet oanspande.

Iuwenlang waard de boarch as gerjocht brûkt dêr't de drost fan Wedde en de rjochters út Vlagtwedde en Bellingwolde harren sit hiene. In soad feroardielden waarden dêr martele en brânmerke en ek ta dea feroardield. Op it galgelân op de Geselberch flakby waarden in soad fûnissen útfierd.

De Frânske tiid brocht in ein oan de hearlike rjochten. Westerwâlde waard by de provinsje Grinslân foege. De Wedderboarch ferlear dêrnei syn funksje as gerjocht, dy't nei de nije rjochtbank yn Wynskoat ferhuze.

De stêd Grins hie gjin belang by de boarch mear en ferkocht dy yn 1828 foar de sloop. Notaris Arnold Hendrik Koning kocht lykwols de boarch foar 6.800 gûne en lape de boarch op. Hy liet de finzetoer en in part fan it skathûs ôfbrekke om mear romte te meitsjen. Mei in ûnderbrekking fan santjin jier bleau de famyje Koning eigener oant 1955. Doe waard de boarch oan it wetterskip Westerwâlde ferkocht foar 66.786 gûne. Yn 1990 waard it gebou oan de gemeente Bellingwedde ferkocht.

Hjoed-de-dei tsjinnet de boarch as in bernehotel, groepsakkomodaasje en restaurant. Yn 2015 waard de boarch restaurearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: