Springe nei ynhâld

Winsum (Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Winsum (Littenseradiel))
Winsum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.030 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,71 km², wêrfan:
- lân: 8,45 km²
- wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht. 124 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 5° 32' E
Offisjele webside
Side Winsum
Kaart
Winsum (Waadhoeke)
Winsum

Winsum is in doarp yn 'e gemeente Waadhoeke. It doarp leit noardwest fan Easterlittens ynklamme tusken de N384 en de Frjentsjerter Feart. By it doarp hearre ek de buorskippen Skyldum en Weakens. Yn Winsum wurdt alle jierren op de twadde sneon fan augustus it Frysk Kampioenskip Fierljeppen holden.

Winsum hat 1.030 (1 jannewaris 2023) [2] ynwenners.

Winsum ûntstie út twa histoaryske buorrens: de Tsjerkebuorren en de Brêgebuorren oan 'e Frjentsjerter Feart. Pas yn 'e 20e iuw waard it tuskenlizzende lân folboud, sadat it doarp ien beboud gehiel waard. Fan de 3,3 meter hege doarpsterp mei de Marijetsjerke bleau allinne in restant oer, wylst de terp fan Brêgebuorren hielendal ôfgroeven waard.[3]

Ear't de terp fan Brêgebuorren yn de twadde helte fan de 19e iuw ôfgroeven waard, wie it ien fan de heechste en grutste terpen fan Fryslân. Doe al waarden in soad resten fan Romeinsk ierdewurk fûn en tocht waard dat dêr in Romeinsk legerkamp west hat. Om't ek op de grûn fan it lêste stik fan de eartiidske terp fan Brêgebuorren yn de jierren 1990 nijbouplannen ûntwikkele waarden, folge op 'e nij argeologysk ûndersyk. Fan in militêr kamp binne gjin resten fûn, mar der waard wer in soad guod fûn, lykas munten en fragminten fan ierdewurk. Dy munten wiene spesjaal foar soldaten slein en de fragminten fan it type amfoaren binne karakteristyk foar in romeinske militêre delsetting. Dêrmei koe fêststeld wurde dat Winsum mei de haven fan Felsen ien fan de seldsume plakken bûten de Limes west hat, dêr't Romeinske militêren in kamp hân ha.[4]

Yn 1586 waard Winsum troch de Spaanske troepen delbaarnd.

It doarp krige yn 1897 oan de Kleasterdyk en de opfeart nei de Frjentsjerter Feart in suvelfabryk, dy't yn 1939 fusearre mei it fabryk fan Dronryp. In part fan it leechsteande fabryk waard doe troch Lykle Miedema hierd om dêr lânbou-ark te produsearjen.[5]

Marijetsjerke

By it ferfangen fan de houten flier yn de Marijetsjerke yn 2010 binne sân bysûndere grêfstiennen foar it ljocht kaam. It bestean fan 14 stiennen wie bekend, mar it die bliken dat der 21 grêven ûnder de flier leine. Fiif dêrfan binne fan foar de reformaasje: sa lizze der foarâlders fan pater Titus Brandsma begroeven. Fierders waard it grêf fan de earste dûmny fan Winsum ûntdutsen, dy't yn 1599 stoar. De stiennen ferdwûnen 100 jier lyn by in renovaasje ûnder de flier. Op in oar grêf dat net lang lyn foar it ljocht kaam stiet dat de ferstoarne genôch jild achterlitten hat foar it behâld fan syn rêstplak en dat it grêf net iepene wurde mei.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Winsum diel út fan de gemeente Baarderadiel. Binnen dy gemeente wie Winsum it grutste plak mei't it mear ynwenners hie as it haadplak Mantgum. Neitiid wie Winsum ien fan 'e 29 doarpen fan 'e gemeente Littenseradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 makket it doarp diel út fan de gemeente Waadhoeke.

Winsum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn MFC “De Helling". De wurkgroep Wolwêzen soarget meast foar in temajûn. De Ploech fan Tsien organisearret tintefeesten. Mei it jild dat se dêrmei ophelje wurde de ferienigingen yn it doarp stipe. It doarpfeest wurdt yn it lêste wykein fan juny organisearre.

In âlde bynamme fan Winsum is Spinpûdegea. De tradisjonele skelnamme foar Winsumers is spinpûden (ek theebussen).[6]

Annatsjerke
De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Winsum).
De Wikipedy hat ek in side Annatsjerke (Winsum).

Winsum hat twa tsjerken: de herfoarme Marijetsjerke oan 'e Tsjerkebuorren en de grifformearde Annatsjerke oan 'e Spannumerdyk. De tsjerken binne anno 2022 alle twa noch yn gebrûk. De Marijetsjerke is ien fan 'e trije tsjerkegebouwen fan 'e protestantske Streekgemeente Lank-Meamert.

De Iepenbiere Basisskoalle It Bynt is yn 2014 oprjochte en ûntstie út in fúzje fan 'e eardere Iepenbiere Basisskoalle 'De Miedskoalle' en de Kristlike Basisskoalle 'De Stapstien'. It pjutteboartersplak hjit It Pikepôltsje.

De Frjentsjerter Feart yn Winsum

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Mûntsjetille, in ferneamde brêge justjes benoarden Winsum.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1940 1950 1960 1970 1980 1990 1995 2000 2001
Ynwenners 546 598 693 815 948 965 1.002 1.009 991 1.034
Jier 2004 2015 2020
Ynwenners 1.086 1.061 1.017

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers.

De mole Langwert

Berne yn Winsum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hegeterp

Alle strjitten yn Winsum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Webstee fan Winsum

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Wierden en Terpen, oproppen 1 maaie 2023
  4. Paleo-Aktueel, RUG, Opgraving Winsum-Bruggeburen: Romeinen in Friesland!
  5. Suvelfabriken yn Fryslân, oproppen 1 maaie 2023
  6. List mei by- en skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker