Springe nei ynhâld

Eemnes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 jul 2024 om 15.01 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eemnes
Tsjerke Eemnes-Bûten, op de eftergrûn de Eemnesser Polder
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Roland van Benthem (VVD)
sifers en geografy
haadplak Eemnes
grutste plak Eemnes
ynwennertal 9.777 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 305 / km²
oerflak 33,70 km²
● wêrfan lân 31,04 km²
● wêrfan wetter 2,66 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1811
oar
netnûmer 035
postkoade 3755
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.eemnes.nl
Topografyske gemeentekaart fan de gemeente Eemnes
Wakkerendyk, lofts de âlde bebouwing, rjochts nije pleatsen yn de Eemnesserpolder
Roomske tsjerke oan de Wakkerendyk
Tsjerkebuert by de âlde Nikolaastsjerke
Herfoarme tsjerke
Kafee Eemland oan de Laarderwei

Eemnes is in plak en gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat 9.777 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 33,67 km² (wêrfan 2,54 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen.

Eemnes bestie fanâlds út twa parten: Eemnes-Binnen, dat út in tal pleatsen oan de Wakkerendijk bestiet, en it justjes noardliker lizzende Eemnes-Buiten, de eigentlike doarpskearn, dêr't inkelde grutte nijbouwiken boud waarden.

Eemnes leit justjes eastlik fan it Goai, dêr't it net by heart, dochs gauris ta rekkene wurdt. De gemeente wurdt yn it noarden begrinzge Blaricum (NH), yn it noardeasten oan Zeewolde (Fl), yn it easten oan Bunschoten, yn it suden oan Baarn en yn it westen oan Laren (NH).

Yn de 12e iuw wie Eemnes in sompich gebiet oan de mûning fan de Eem, dat meastentiids ûnder wetter stie. By in stoarmfloed yn 1170 is der in gat slein yn de feanrich tusken Starum en Inkhuzen. Dêrtroch koe it wetter út Midden-Nederlân makliker weistreame nei de Waadsee. It gefolch wie dat ek om de Eemmûning it wetterpeil sakke. Sûnt dy tiid waard begûn mei de ûntginning fan it Eemnesser grûngebiet. Om 1200 ûntstie oan de eastouwer fan de Eem, dêr’t no Eembrugge leit, it doarp Ter Eem, fersterke mei Kastiel ter Eem. Koart dêrnei begûnen pioniers, dy’t Ter Eem bewennen, it sompegebiet west fan de Eem te ûntginnen, fan in lântonge yn de rivierbocht fan de Eem foar Ter Eem oer. Dêrút kin de namme fan Eemnes ferklearre wurde. 'Nes' betsjut nammentlik lântonge.

De ûntginders holden as wenplak Ter Eem. Se leinen in kaaidyk oan by de Eem lâns (de Simmerdyk) en dêrwei waarden kavels lân projektearre, fan east nei west. Men gie sa fier nei it westen as’t men nedich hie. As noardgrins waard in sydwende oanlein. Dit is in soarte brede dyk, dy’t yn east-west rjochting rûn fan de Eem oant it tsjintwurdige Laren. Dizze sydwende lei ten noarden fan de Eemnesser Feart op de hichte fan de Laarderwei. Troch boaiemsakking waard troch de ûntginders hieltyd fierder rjochting It Goai ûntgûn. Nei ± 1300 ferhuzen ek stees mear ûntginders fan Ter Eem nei de stripe dy’t no Wakkerendyk/Mientwei hjit. De ûntstean twa wenkearnen, dy’t letter Eemnes-Binnen en Eemnes-Bûten hjitte. It âldste dokumint wêryn de namme Eemnes weromfûn is, komt út it jier 1269.

Oant dan wie in kriik op it plak fan de hjoeddeiske Goaiersgrêft de ûnoffisjele grins tusken it Greefskip Hollân en it bisdom Utert. Yn de 14e iuw krige de Greve fan Hollân ek belangstelling foar it nije lân. Om 1325 liet hy mei peallen in grins markearje op it plak dêr’t no de Mientwei en de Wakkerendyk rinne. Dizze grins waard 'de rede' neamd en it Eemnesser gebiet ten westen fan de rede neamde de Greve East-Hollân. Op it plak fan de rede waard al gau in wei oanlein en yn koarte tiid ferhuzen in soad ûntginners fan Ter Eem en út de polder wei nei beide siden fan de nije wei. It hjoeddeiske Eemnes wie doe ûntstien. It waard in gerjocht dat yn 1339 al in eigen bestjoer hie mei 13 skepenen.

Yn 1342 waard Jan fan Arkel biskop fan Utert. Hy wie in krêftdiedich man en stelde him net tefreden mei dat in Greve fan Hollân him in diel fan it nije lân taeigene hie. Yn 1346 brocht hy East-Hollân ûnder it gesach fan de biskop en ferwoaste hy de doetiidske delsetting Eemnes, ynklusyf it krekt boude tsjerkje.

Om de Eemnessers dochs oan him te binen joech hy Eemnes tusken 24 july en 7 septimber 1352 stedsrjochten. Boppedat mocht men in tsjerke bouwe op it stee fan it âlde tsjerkje (yn de hjoeddeiske Tsjerkestrjitte). Dizze tsjerke waard wijd oan de Hillige Nikolaas. Om de parochy fan Ter Eem net tefolle te beneidielen waard in soarte kompromis sletten dêr't it súdlike diel fan Eemnes by Ter Eem by bleau. De doetiidske nije grins fan Ter Eem is net goed bekend út de argiven. Wol waard letter de skiedsleat tusken de perselen Wakkerendyk 178 en 180 fêststeld as de grins tusken Eemnes-Binnen en Eemnes-Bûten.

Noch gjin iuw letter, yn 1439, waard it gebiet besuden de skiedsleat dochs losmakke fan Ter Eem. Dit soe om strategyske redenen dien wêze. It gebiet krige stedsrjochten ûnder de namme Eemnes-Binnendyks. Men mocht in eigen tsjerke bouwe, dy’t wijd waard oan Sint Piter (yn de folksmûle ‘It dikke Tuorke’ neamd). By de tsjerke fan Eemnes-Bûten is de boustyl fan de toer ôflaat fan de Utertse Domtoer. In hast identike toer is boud yn Amerongen.

Dat de grinsskelen tusken Hollân en Utert wyls noch altyd trochgienen, bewiisde in boerd, dat oant it begjin fan dizze iuw yn de herfoarme tsjerke fan Eemnes-Bûten hongen hat en yn 1981 opnij ophong waard. Hjirop stiet de tekst:

Toen men schreef veertienhonderdtagtig en een
Was er in Eemnes een groot geween
Daer bleven twee en zeventig menschen doot
Godt help de sielen uit den noot

On de ein fan de 16e iuw gienen de tsjerken fan Eemnes-Bûten en Eemnes-Binnen oer yn herfoarme hannen. De herfoarmen tsjerken yn de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke en de Pitertsjerke yn Eemnes-Binnen. In grut diel fan de Eemnesser befolking bleau lykwols Roomsk. Foar de earetsjinst kaam dizze groep gear yn in skuorretsjerke en letter yn in definityf tsjerkegebou op it plak dêr’t no de roomske Sint Nikolaastsjerke oan de Wakkerendyk stiet (it besteande tsjerkegebou yn 'waterstaats' styl is yn 1845 ree komd).

Yn 1589 waard de Eemnesser Feart groeven, wêrtroch't de ynwenners in ferbining krigen mei de rivier de Eem. Yn de simmerdyk waard doe in houten slûs makke. Al yn 1650 waard dizze houten slûs ferfongen troch in stiennen slûs dy’t no noch oan de ein fan de Eemnesser Feart stiet. Yn 1994 waard de restauraasje foltôge.

Fan de 17e iuw ôf krije de beide Eemnessen mear rêst. De measte ynwenners wienen boer en de froulju fertsjinnen wat by mei it spinnen. Op in stien yn it ‘Dikke Tuorke' stiet de tekst:

Hoyt de spoelconst in eeren
Want alle mensche behoeve cleeren
Ghelijckt bij alle verstandige bekent is
Dattet gewevene in de geboorte noodich en na de doot 't laetste present is.

Yn 1811 waarden Eemnes-Bûten en Eemnes-Binnen gearfoege ta ien gemeente Eemnes mei 1.148 ynwenners. Yn lange tiid feroare der oan it eigene dykdoarp Eemnes net folle.

Oanlis Rykswei A27

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oansjen fan Eemnes waard tige feroare sûnt ± 1970. Wentebou yn de Súd- en Noardbuert, de oanlis fan de A27, dwers troch it lanlik gebiet tusken de dyk en de gemeente Laren, en de ruilferkaveling brochten grutte feroarings. Yn it ramt fan de ruilferkaveling waarden sûnt sa'n 1990 molkfeehâlderijbedriuwen fan de Mientwei en Wakkerendyk ferpleatst nei plakken yn de grutte iepen polder. De pleatsen stean faak al wat heger as it omlizzende lân. Pleatsen dêr’t iuwenlang op buorke wie, faak generaasjes lang troch deselde famylje, waarden ferlitten. Se waarden ferkocht oan faak begoedige boargers dy’t der riante wenten fan makken.

Eemnes hie yn 2008 seis ûnderwiisynstellings, allegear basisskoallen. Ien dêrfan is protestantsk-kristlik, ien katolyk en twa iepenbier. Fierders binne der noch twa skoallen dy't it Jenaplan-prinsipe oanhingje.

Sûnt 1993 hat Eemnes in âldheidkeamer yn de earder brânwachtgaraazje oan de Riedhûsleane. Der binne aktiviteiten en der wurde tentoanstellings hâlden mei dokumintaasje oer it âlde Eemnes. De skiednis fan de pleatsen, de haven, de tsjerken, monuminten en Eemnesser famyljes en bygelyks de herbergen as 'De Lindeboom' en it 'Rode Kruis') krijt dêr omtinken.

Ferneamde lju út Eemnes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn Eemnes stiet de lúkse filla fan it tv-programma De Gouden Koai dêr't tsien dielnimmers har yn opslute lieten. De finale wie op 22 maaie 2008.
  • Eemnes hat ek in fuotbalklup, sv Eemnes. De klup fierde yn 2008 it 60-jierrich bestean en it earste alvetal komt út yn de 2e klasse B.
  • Yn it eartiidske Eemnes-Bûten stean noch in tal âlde húskes fan de eardere buorren, en in lyts âld riedhûs dat no brûkt wurdt as restaurant.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje