Starum
Starum | ||
Foarstrjitte mei de Nikolaastsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 965 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8715 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' NB, 5° 22' EL | |
J.L. Hooglandgemaal | ||
Kaart fan Starum | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Starum | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Stedsgebiet fan Starum yn de eardere gemeente Nijefurd |
- Dizze side giet oer de stêd Starum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Starum (gemeente).
Starum (Nederlânsk en offisjeel: Stavoren en fan 'e 1930-er jierren oant 1978 Staveren; Starumersk: Staveren), is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Starum yn de eardere gemeente Nijefurd. De stêd leit op de súdwestpunt fan Fryslân, oan trije kanten beheind troch it wetter fan de Iselmar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd wurdt yn de earste boarnen Staveren en soms Staveron neamd. Dy namme betsjut wierskynlik safolle as 'by de Staven, de Peallen, de Beskoaiïng', wat wiist op in havenplak.
Knooppunt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it Fly útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de Flevomar en de Noardsee. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer Koevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei Medemblik. Dat, wa't oer dy wei reizge, moast by Starum oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert foeren troch de Fecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek by Starum foarby; sa koenen se Fryslân ynfarre.
Dat hat grif ek de rûte west hoe't Bonifatius yn 754 út Utert wei nei Dokkum kaam is. Hast in iuw letter folge ek de muonts Odulf wer dy rûte (boarne?). Ek Odulf wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Fanwegen it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts hjir yn 837 in kleaster, it Odulfuskleaster.
Stêd en hannel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Starum krige as earste fan de Fryske alve stêden stedsrjocht. Yn de twadde helte fan de 11e iuw regearre in Dútske grevefamylje yn Fryslân, de Brunoanen, neamd nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dy famylje fan Brunoanen, ferliende Starum al yn in 1061 stedsrjochten, dy't de Dútske keizer Hindrik V yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn Ingelân en Sweden ta. De grutskippers en keaplju ûnderhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee hinne. Troch it de útfining fan de kogge woeks dy hannel him nei 1100 omraak.
Yn 1385 waard Starum lid fan de Hânze. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de Sont in âld foarrjocht; by de tolheffing waard harren foarrang ferliend wat in soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd-groeiende befolking foar de itensfoarsjenning oanwiisd op nôtymport út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de Slach by Warns dy't ek wol oantsjutten wurdt as de Slach by Starum.
Oan de ein fan de midsiuwen rûn de hannel yn Starum werom. De stêd rekke yn ferfal. Op dy feroaring is it ferhaal It Wyfke fan Starum basearre.
Sintraal gesach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryslân foel nei 1525 ûnder keizer Karel V. Hy liet in grut blokhûs bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden. Dat blokhûs hat der stien oant 1580 doe't it earst foar in part ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brûkt foar de stedswâlen. Yn 1996 binne noch stikken fan dy muorre, mar ek kanonskûgels, fûn by opgravings.
Nei dy tiid fan ferfal kamen der yn de republyk yn de 17e en 18e iuw wer bettere tiden, mei seefeart nei fiere lannen. Mar yn de 19e iuw rûn de stêd fierder tebek, en fan de ynternasjonale haven bleau net folle oer. Op toeristyske simmerdagen komt it romrofte havenstedsje lykwols wer ta libben. Op de pieren by de havenyngong stean twa havenljochten en de fjoertoer.
Fearhaven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oanlis fan it Spoar Saandam-Inkhuzen nei Amsterdam (dêr't de feartsjinst Starum-Inkhuzen en it spoar Starum-Ljouwert mei ta stân kamen) waard Starum in wichtige Suderseehaven. Hjoed-de-dei is Starum de keppeling tusken it spoar nei Snits en Ljouwert mei de boat nei Inkhuzen. De haven is no it thúsplak foar skippen fan de brune float.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 waard de selsstannige Gemeente Starum opheft en hearde Starum by Nijefurd. Dy gie yn 2011 op syn bar wer op yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de wettersport binne der relatyf in soad foarsjennings yn Starum te finen. Sa binne der in tal hoarekagelegenheden en is der in lytse middenstân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Byldsje fan It Wyfke fan Starum
- Museum It Ponthús
- It eardere Stedhûs fan Starum
- Fjoertoer fan Starum
- J.L. Hooglandgemaal
- Oertún
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat ferskate tsjerken hân. De âldste tsjerke wie mooglik de Sint-Odulfustsjerke dy't fan 900 oant 1132 bestien hat. De Nikolaastsjerke of de Herfoarme tsjerke komt fan 18661 en waard boud as opfolger fan krykkrakrigen ien fan de 16e iuw.
Op it tsjerkhôf fan de tesjerke is it Earehôf Starum dêr't bemanningsleden fan delstoarte fjochtersfleantugen út de Twadde Wrâldkriich lizze.
Yn deselde strjitte, de Foarstrjitte/Voorstraat stiet it tsjerkegebou fan de Minniste Gemeente en komt fan 1858. De Baptistetsjerke stiet justjes fierder oan dy strjitte en komt fan 1886, dochs sleat yn 2001. De Grifformearde Swannetsjerke oan de Skâns wie in tsjerke fan 1884, dy't yn 2002 sleat. Hy is dêrnei noch as útstallingstjerke brûkt.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stasjon Starum is einpunt fan de ferbining tusken it spoar fan Ljouwert en Snits nei Starum.
- Feartsjinst Starum-Inkhuzen.
- Johan Frisoslûs en Slûs Starum. Skipfeart fan en nei de Iselmar.
Fytsen en kuierejen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Starum leit oan de Hânzefytsrûte, ien fan de fytsrûten ynspirearre troch it âlde Hânzeferbûn. Dy rûte begjint by Sâltbommel en docht ûnder oaren de stêden Nimwegen, Arnhim, Grins, Bremen, Lübeck en de Fryske stêden Starum, Hylpen en Boalsert. De rûten komt ek by Frankfurt (Oder), Berlyn en komt oer Roermond wer werom yn Sâltbommel. De rûte is goed 3.000 km lang en foar de gânse rûte binne GPS-tracks beskikber
Starum is part fan twa kuierpaden. It Fryske Kustpaad rint tusken Starum en Lauwerseach. Hy is 152 km lang en komt by Hylpen, Warkum, Makkum en Harns del. It Suderseepaad rint om de Iselmar hinne fan Inkhuzen nei Starum en is 400 km lang. It paad wurdt yn beide rjochtingen mei wyt-reade tekens oanjûn.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Foarstrjitte stiet multyfunksjoneel sintrum De Kaap. Der is in aktiviteitekommisje en in feriening foar Pleatslik Belang. De Skutslús is de basisskoalle fan Starum, ’t Kwetternest is it pjutteboartersplak. De Ribbe is it sportpark fan Starum. Yn it Stavers Krantsie stiet nijs út it stedsje en omkriten.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- QVC - fuotbal
- De Ruumkramers - shantykoar
- De Lytse Súdwesthoeke - muzyk
- badmintonklup
- frouljuskoar
- gymnastykferiening
- Odulfus - hânbôgesjitten
- Eensgezindheid - iisklup
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De 'stichting visserijdagen' fersoarget dat evenemint.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Achterdelft - Achterdelft even en ûneven lizze oan wjerssiden fan it wetter de Achterdelft
- Bolwerk - ferwizing nei it eardere blokhûs
- Breefenne -
- Burgemeester Albertsstraat - In eardere boargemaster (1872-1901)
- Dwinger - ferwizing nei it blokhûs, rint súdeast by it eardere blokhûs lâns
- Visstraat - de fisk dy't de ring werombrocht yn de sêge
- Voorstraat - De even west- en ûneven eastside fan de Voorstraat lizze oan wjerssiden fan de Vorendelft
- Vrouwezand - it gefolch fan de sêge
- Havenweg - wei neist de haven
- Hellingspad -
- Jurisdictie -
- Kapiteinstraat - kaptein út de sêge
- Koeweg -
- Koggestraat - kogge is in skipstype dat wichtich wie by de hannel fan Starum. Yn de sêge komt ek in kogge foar
- Kooijweg -
- Korenstraat - nôt stiet foar de goudgiele skat út de sêge
- Meerweg - ferbining tusken Koe- en Stationsweg troch de Middenmeer
- Middelweg - ferbiningswei tusken Starum en Warns
- Noord - dit gebiet lei eartiids bûten de stêd ûngefear op ’e hichte fan dizze strjitte.
- Ringstraat - ring út de sêge
- Schans - ferwizing nei de eardere ferdigeningswurken. De Schans rint bylâns de eastlike 'muorre'
- Sint Odulfusstraat - ferwizing nei it troch de see ferswolge Odulfuskleaster
- Smidstraat -
- Stadsfenne -
- Stationsweg - wei bylâns it spoar
- Suderstrand - leit op it plak fan it eartiidske strân súd fan Starum
- Voorstraat -
Bekende minsken út Starum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bernard van Haersma Buma
- Bendiks Cazemier
- Age Hains Boersma
- Andreas Cornelius
- Sybrand Marinus van Haersma Buma
- Aleid fan Gelre
- Wilhelmus à Brakel
- Johannes van Hout
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Starum (gemeente)
- List fan plakken oan of yn de eartiidske Sudersee
- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
- List fan boargemasters fan Starum
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Starum fan Wikimedia Commons. |
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
---|
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |
wizigje |