Springe nei ynhâld

Arum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 nov 2010 om 21.02 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (Mienskip: berne yn Arum)
Arum
Flagge fan Arum Wapen fan Arum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Arum
Gemeente Wûnseradiel
Ynwennertal (2004) 1044
Webstee http://arum-friesland.nl

Arum is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, noard fan Wytmarsum. It doarp hat likernôch 1030 ynwenners (2007).

Skiednis

Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om sawat 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom tinkt men ek dat Arum ûnstien is op it plak fan Baarderbuorren. De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1410

Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 wurdt by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.

Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wienen: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei). It measte ferfier yn Arum gie eaarder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.

Mienskip

It âldste doarpshûs fan Fryslân waard hjir yn 1926 oprjochte. It wie in huten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan it Algemien. Teolooch Seakle Greijdanus is op 1 maaie 1871 berne yn Arum.

Ferieningen

Befolking

Berne yn Arum

Ferskaat

Strjitten

Ald Rij, Allengawei, Baarderbuorren, Bayumerleane, Boltapaad, De Dobbe, De Tille, Frjentsjerterkaai, Grauwe Kat, Hockaart, It Ald Hof, It Koekoekslân, It String, Julianastrjitte, Keatsplein, Krúswetter, Molerak, Monnikewei, Alde Tsjerkestrjitte, Pôle, Skoallesingel, Skoalstrjitte, Sportleane, Sytzamawei, Sulverstreek, Tsjerkesingel, Van Camminghawei, Willem Westrastrjitte.

Sjoch ek

Keppeling om utens