Wytmarsum
Wytmarsum | ||
Arumerdyk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.795 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 6' NB, 5° 28' EL | |
Offisjele webside | ||
http://www.witmarsum.net | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Wytmarsum yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel. |
Wytmarsum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Op de himrik fan Wytmarsum lizze ek de buorskippen It Fliet, Harkesyl, De Kampen en Kâldehuzum.
Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.
It doarp hat 1.795 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat it doarp yn 'e iere midsiuwen op in terp ûntstie. Al yn 'e midsiuwen hat it doarp him yn 'e rin fan 'e tiid bûten de terp útwreide.
It plak waard foar it earst yn 1270 as Witmarsum neamd. Oare âlde namme binne Witmerzim (1400), Withmarsum (1456) en Witmaersum (1505). De namme tsjut op it wenplak (hiem/um) fan Witmer.
Yn 1496 waard Menno Simons yn Wytmarsum berne. Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf, dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op 'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der mennoniten nei it doarp om mei it berteplak fan Minne Simons yn 'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak oan It Fliet dêr't Simons preke hat.
De tsjerke fan no is fan 1633, mar al yn de 10e iuw stie op it plak de oan Martinus wijde tsjerke. Menno Simons wie dêr pastoar, doe't er yn 1535 ôfstân naam fan it katolisisme en foarman waard fan de minnisten.
Yn it doarp stiene eartiids ferskillende states, lykas de Aylvastate. It doarp krige yn 1896 in molkfabryk, 'De Goede Verwachting'. Mei de fúzje fan it molkfabryk yn 1965 mei dy fan Warkum kaam der yn 1966 in ein oan De Goede Verwachting.
Oant 2011 wie Wytmarsum it haadplak fan de doe ophefte gemeente Wûnseradiel.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpsbelang fan Wytmarsum waard yn 1959 oprjochte. De doarpskrante fan Wytmarsum hjit 'De Koepel'. Aktiviteiten wurde organisearre troch it WOK (Wytmarsumer Ferdivedaasje Komitee). Mounewetter is it iepenloft swimbad fan Wytmarsum.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- PKN-gemeente Trijerisien (Wytmarsum-Penjum-Surch).
- Minnistegemeente De Lytse Streek
- Titus Brandsmaparochy
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat fjouwer buertferienings: Fan Keats oant Harke, De Hikkesluters, It Klompke en De Stoarmhoeke. Doarpskrante is De Koepel.
- Fanfare Nij Libben
- Toanielferiening Surprise
- Sportferiening Pim Mulier
- Gymnastykferiening 'Volhard en Overwin'
- Tennisferiening Wytmarsum
- Follybalferiening Thrium
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 659 | 1628 | 1601 | 1516 | 1468 | 1546 | 1816 | 1804 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 1733 | 1758 |
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Triatlon Wytmarsum is in sportevenemint dat alle jierren yn 'e earste helte fan septimber of yn 'e lêste dagen fan augustus yn en om it doarp holden wurdt. It is in achtste triatlon, besteande út 'e ûnderdielen swimmen, hurdfytsen en hurddraven. Tagelyk hjirmei wurdt foar bern ek in saneamde kidsrun organisearre.
- Oktoberfest Wytmarsum
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Menno Simons (1496-1561), reformator.
- Hobbe Esaias fan Aylva (1696-1772), militêr.
- Hobbe Smith (1862-1942), keunstskilder.
- Pim Mulier (1865-1954), grûnlizzer moderne sport yn Nederlân.
- Jochum Falkena (1881-1963), boargemaster.
- Taede Zijlstra (1901-1945), keatser.
- Frank Leyendekker (1928–2022), strider foar it behâld fan it Frysk hynder.
- Sikke Smeding (1889–1967), lânboukundich yngenieur.
- Jacob Reitsma (1945), CDA-politikus, boargemaster.
- Hans Simons (1947-2019), PvdA-politikus.
- Doekle Terpstra (1956), politikus en betsjoerder.
- Jeroen Zeinstra (1975), hurdrinner.
- Folkert van der Wei (1980), keatser.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midden yn it doarp stiet de Koepeltsjerke. Oan de râne fan it doarp stiet sûnt ein 19e iuw de katolike Nikolaas fan Tolentyntsjerke.
East oan 'e doarpsrâne stiet oan de Wytmarsumer Feart de yn 1850 boude nôt- en pelmole De Undernimming. Sa'n 2,5 km eastlik fan Wytmarsum stiet de Pankoekstermûne, in út 1900 datearjende poldermole.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten fan Wytmarsum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|