Springe nei ynhâld

Roelof Kuipers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 mai 2020 om 02.01 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Roelof Kuipers (De Gordyk, 28 augustus 1855De Haach, 28 desimber 1922) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf. Hy stie bekend om syn wetterliedingspesjaliteit. Dêrneist wie hy inkele jierren (oant 1902) gemeenteriedslid fan Amsterdam.

Kuipers krige de earste boukundige begjinsels fan hûs út mei. Syn heit wie timmerman-oannimmer en in dy funksje belutsen by de bou fan tsjerken, iepenbiere gebouwen, restauraasjes en wettersteatswurken yn Fryslân. Om 1880 hinne wurke syn heit yn de omkriten fan Amsterdam, de stêd dêr't hy letter yn de gemeenterie komme soe. Twa jongere bruorren fan Kuipers, Tjeerd Kuipers en Foeke Kuipers, wienen ek arsjitekt. Roelof Kuipers leit begroeven op Oud Eik en Duinen. Kuipers wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Oranje Nassau's Oord