Springe nei ynhâld

Amsterdam

Ut Wikipedy
Amsterdam
Lokaasje yn Nederlân en Jeropa

Tiidsône :
UTC 0/Simmer UTC 0
Flagge Wapen

Basis ynformaasje
Gebiet 188,3   km² Gemeente (lân) [1]
Tal ynwenners 905.000 Gemeente (2022) [1]
Tal ynwenners km² 4.748  km² Gemeente
Regear
Lân Nederlân
Konstituint lân Nederlân
Regio Rânestêd
Administratife yndieling 14 distrikten (stêdsdielen)
Boargemaster Femke Halsema (GL)
Politike partijen
Webside www.amsterdam.nl
Dizze side giet oer de haadstêd fan Nederlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Amsterdam (betsjuttingsside).

Amsterdam is de haadstêd fan Nederlân.

Amsterdam is yn Nederlân de stêd mei it grutste tal ynwenners (905.000 op 1 april 2022). Yn tsjinstelling ta in soad oare lannen is de residinsje net yn de haadstêd fêstige. Faak wurdt der dêrom fan in kulturele haadstêd sprutsen, al is Amsterdam ek de twadde seehaven fan Nederlân, en hawwe in protte wichtige bedriuwen yn Amsterdam harren haadfêstigings. Fierders hat Amsterdam in tige florissante toerismesektor.

Om-ende-by 1270 waarden yn de Amstel sluzen oanlein. De minsken dy't har op dat stee fêstigen krigen yn 1275 fan de Hollânske greve Floris V it rjocht fan tolfrijheid troch it greefskip. Doe't de delsetting yn 1306 stedsrjochten krige sette de opkomst fan Amsterdam as stêd útein.

Yn de 15e iuw wennen der al 30.000 minsken yn Amsterdam en ûntwikkele it plak him ta grutste 'keapstêd' fan Hollân. Der ûntstie in aristokratysk oligargyske bestjoersfoech mei fjouwer boargemasters dy't oppermachtich wienen. Nei de byldestoarm besette de Spanjert Alva yn 1567 de stêd. Yn 1578 wie de saneamde Alteraasje fan Amsterdam, it stedhûs waard troch kalvinisten beset en der waard in nije froedskip keazen dy't benammen út kalvinisten bestie. De Katolike geastlikheid gong doe út de stêd wei. Nei de fal fan Antwerpen (1585), de wichtichste havenstêd yn de Súdlike Nederlannen en konkurrint, kamen in protte Antwerpenaren nei Amsterdam en fêstigen har yn de stêd. Gau dêrop arrivearren ek de earste flecht Joaden, dy't foar in ûnbidige opbloei fan de Amsterdamske hannel soarge hawwe.

Yn 1602 waard de Feriene Eastyndyske Kompanjy oprjochte, dêr't Amsterdam foar minstens de helte yn dielnaam en yn de 17e iuw (de Gouden Iuw) waard de stêd troch de opkomst fan de jildhannel it wrâldhannelssintrum. Hollânske hannelslju gongen mei skippen de hiele wrâld oer en stiften hannelsposten en delsettings. De stêd kaam ta grutte kulturele bloei, û.o op it mêd fan wittenskip en keunst. Yn de 18e iuw waard de rol fan Amsterdam as steapelmerk stadichoan minder wichtich, mar as finansjeel sintrum woeks de stêd noch hieltyd, oant de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784) doe't it fan Ingelân ferlear en troch de ôfsluting fan de see ûnder de Frânske tiid, dat de deastek joech. De iepening fan it Noardseekanaal (1876) en it Merwedekanaal (1892) hawwe yn de 19e iuw wer foar nije ekonomyske oplibbing soarge, mar de stêd waard swier troffen troch de krisis fan de tritiger jierren.

Yn de earste jierren fan Twadde Wrâldkriich (1941-1942) waard de Joadske befolking nei Dútske konsintraasje- en ferneatigingskampen brocht. Oan de ein fan de oarloch hie Amsterdam te lijen troch de Hongerwinter (1944-1945). Healwei de jierren sechtich wie der in earnstige gesachskrisis (mei hichtepunten yn 1966: houlik prinses Beatrix, opskuor nei oanlieding fan in sosjaal konflikt ûnder de boufakarbeiders). De stêd waard yn de jierren sechtich it sintrum fan groepen en bewegingen dy't nei maatskiplike fernijingen stribben ('Provo', 'Kabouters', studinten en keunstners).

Wat fuortendalik opfalt oan 'e Amsterdamske binnenstêd, ek yn in lân mei safolle wetter as Nederlân, binne de grêften. Neist de Amstel, dêr't de stêd syn namme fan hat, en it IJ, de twa wetterwegen fan natuerlike oarsprong fan 'e stêd, binne dat yn it foarste plak de Hearegrêft, de Keizersgrêft en de Prinsegrêft, dy't as trije ringen om de âlde binnenstêd lizze. Lytsere grêften ferbine de ringgrêften mei elkoar, en mei de grêften út de âlde binnenstêd. En oan al dy grêften stean dan de grêftehuzen.

Wichtige plakken en gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miskien it bekendste plak fan Nederlân is de Dam, mei it Keninklik Paleis, de Nije Tsjerke, it Museum Madame Tussaud en it Nasjonaal Monumint op de Dam foar de fallenen út de Twadde Wrâldkriich. Oare wichtige gebouwen binne, wat de tsjerken oanbelanget, de Westertsjerke (mei de bekende Westertoer), de Moses- en Aärontsjerke en de Sint-Nikolaastsjerke. Wat oare gebouwen oanbelanget binne in soad âlde en nije(re) gebouwen it neamen wurdich, lykas de Beurs fan Berlage en it Sintraal Stasjon. Yn Amsterdam-Súdeast, ek as Bijlmermar bekend, binne de lêste tsien jierren in pear opfallende gebouwen delsetten, wêrûnder de Amsterdam Arena, 't stadion fan fuotbalklup Ajax.

Amstel
Frans Koppelaar

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Amsterdam + Weesp, AlleCijfers.nl
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje