Postwei
Appearance
In Postwei is in dyk ornearre foar it ferfier fan post.
Yn it ferline hienen allinnich grutte stêden en plakken in posthûs. It ferfier fan de post barde mei in postkoets of troch in hynsterider. De strjitten yn plakken dy't oan de postwei leinen, hjitte gauris noch Postwei (sa as de Alde Postwei yn Rottum). Yn ferskate tiden en lannen waard de beneaming postwei it ekwifalint foar haaddyk, keninklike dyk of hearrewei (highway). Yn de 20e iuw binne de postwegen út soarte ferdwûn.
Ferneamde postwegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Amearika binne wol diken oanlein, spesjaal bedoeld foar it postferfier.
- Albany Post Road, ferbynt New York City mei Albany, it haadplak fan de steat New York
- Boston Post Road, rint troch Nij Ingelân fan New York nei Boston
Yn Yndoneezje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jalan Raya Pos (De Grutte Postwei), fan Anyer nei Panarukan, op Java Yndoneezje, dy't oanlein waard ûnder gûverneur Herman Willem Daendels fan Nederlânsk-Ynje fan 1808 oant 1811.
Yn Europa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânske Postwei, (Dútsk: Niederländischer Postkurs), stifte yn 1490, ferbûn de Nederlannen mei posthuzen en postherbergen yn Dútslân en Itaalje.
- Postwei fan Rotterdam nei Antwerpen
- Postwei Antwerpen-Feneesje, selde as by de Nederlânske postwei.
- Postwei Bremen-Hamburch, mei tastimming fan de kening fan Sweden iepene op 5 july 1665 om regulier postferfier mooglik te meitsjen. Der wie in twadde rûte tusken Cuxhaven troch Land Wursten nei Lehe.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân hjitte ferskate diken Postwei of Postleane. Dy nammen hawwe lykwols al meast neat te meitsjen mei it postferfier, mar binne ôflaat fan Post yn de betsjutting fan brêge.