Springe nei ynhâld

Postwei

Ut Wikipedy
Unferhurde part fan de Old Albany Post Road yn Philipstown, New York
18e-iuwske mylstien oan de Boston Post Road

In Postwei is in dyk ornearre foar it ferfier fan post.

Yn it ferline hienen allinnich grutte stêden en plakken in posthûs. It ferfier fan de post barde mei in postkoets of troch in hynsterider. De strjitten yn plakken dy't oan de postwei leinen, hjitte gauris noch Postwei (sa as de Alde Postwei yn Rottum). Yn ferskate tiden en lannen waard de beneaming postwei it ekwifalint foar haaddyk, keninklike dyk of hearrewei (highway). Yn de 20e iuw binne de postwegen út soarte ferdwûn.

Ferneamde postwegen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Amearika binne wol diken oanlein, spesjaal bedoeld foar it postferfier.

Yn Fryslân hjitte ferskate diken Postwei of Postleane. Dy nammen hawwe lykwols al meast neat te meitsjen mei it postferfier, mar binne ôflaat fan Post yn de betsjutting fan brêge.