Springe nei ynhâld

Aartsdiaken

Ut Wikipedy
Gryksk-Otterdokse diaken

In aartsdiaken is hjoed-de-dei in earetitel yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't troch de biskop takind wurdt oan in geastlike mei in bepaald bestjoersfoech.

Fan de fjirde iuw ôf wie de aartsdiaken in folmacht fan de biskop, dy't ek de lieding hie by it ferpartsjen fan ielmissen. Stadichoan krige er ek wichtigere bestjoerssaken, lykas fisitaasjes meitsje oan parochys. Ek wie er fertsjintwurdiger fan de biskop by konsilys.

Fan de achtste iuw ôf waard de funksje fan in aartsdiaken wichtiger. Hy naam de taken fan de biskop waar yn in bepaald gebiet fan in bisdom. Hy krige wijings-, bestjoers- en rjochtsmacht. Yn guon bisdommen wie in aartsdiaken gauris noch in koerbiskop (in soarte fan "lânbiskop", foar in "stedsbiskop" oer) neamd

Yn de alfde iuw waard de aartsdiaken in tsjerklike funksjonaris yn in bepaald gebiet, in aartsdiakonaat, en oefene in selsstannige macht út. Hy stie oan it haad fan it aartsdiakonaat en ien fan syn taken wie it hâlden fan it seendrjocht, de leechste tsjerklike rjochtbank. Yn de Frânske Tiid waarden de aartsdiakonaten opheft en dêrmei ferdwûn ek de funksje fan in aartsdiaken.

Hjoed-de-dei is aartsdiaken in earetitel foar fikarissen of foar de deken fan it kapittel. It aartsbisdom Parys hie oant 1966 noch aartsdiakens en de Anglikaanske Tsjerke hat hjoed-de-dei noch aartsdiakens.

Easterske tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Otterdokse en de Eastersk-Katolike tsjerken is de aartsdiaken in wijde diaken dy't in âldere posysje mei ferantwurdlikens en eare hat, dy't ûnder de pleatslike biskop falt. Yn de Russyske tradysje, is in aartsdiaken in muonts, dy't ta de selibatêre swarte geastlikens heart. Dat is ta ûnderskaat fan deselde âldere posysje en eare dy't de protodiaken, dy't ta de troude of selibatêre wite geastlikens heart, hat. Yn de Grykske tradysje, dêr't de titel protodiaken net bestiet, heart in aartsdiaken ta de troude of selibatêre geastlikens. Der is ornaris mar ien aartsdiaken of protodiaken yn in kleaster of parochy yn in bisdom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (dú) Archidiakon yn Lexikon für Theologie und Kirche (1957)
  • (ned) R.R. Post - Kerkgeschiedenis van Nederland in de Middeleeuwen (1957)