Adamstown (Pitcairneilannen)
Adamstown | ||
Lizzing fan Adamstown | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Territoarium | Pitcairneilannen | |
Boargemaster | Shawn Christian (2014) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 48 (2012) | |
Oerflak | 4,6 km² | |
Befolkingsticht. | 10 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1790 | |
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC | |
Offisjele webside | ||
[] |
Adamstown is de lytste gebietshaadplak fan de wrâld mei syn 48 (2014) ynwenners. It is it ienige plak fan de Pitcairneilannen, dy't by it Feriene Keninkryk hearre, en leit oan de noardeastkant fan it eilân Pitcairn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak ûntstie doe't in stikmannich oproermakkers fan de HMS Bounty op it eilân lânen mei in tal Tahityaanske manlju en froulju. It plak is ferneamd nei John Adams, de lêste oproermakker dy't oerblean wie yn 1800 en dêrnei it plak bestjoerde en syn eigentlike foarm joech. Yn de skiednis waard it eilân twa kear evakuearre nei Tahity en Norfolk, mar hieltyd giene der bewenners werom en bleau it plak bestean. De befolking naam stadichoan ta en yn 1937 hie it plak 233 ynwenners. Dêrnei sakke it ynwennertal bot, foaral troch emigraasje. In protte huzen yn it doarp steane leech en de befolking sit al in skoft yn noed oer syn fuortbestean op it eilân.
De befolking hat sterke bannen mei Pitcairners om utens. Yn Nij-Seelân, Tahity en Austraalje (foaral op Norfolk) wenje in protte Pitcairners. Op Norfolk wenje sa'n 1000 neisieten fan de rebûljemakkers dy't yn 1856 kamen, doe't de folsleine befolking fan Pitcairn nei Norfolk oerbrocht waard.
De befolking libbet fan lânbou, fiskerij, it ferkeapjen fan postsegels en it meitsjen fan miniatuerreplika's fan de HMS Bounty út Mirohout.
Persoanen út Adamstown
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fletcher Christian (1764–1793)
- John Adams (1768–1829)
- Ned Young (1762–1800)
- Thursday October Christian (1790–1831)
- Meralda Warren (b. 1959)
- Joshua Hill (1773–1844?)
- Steve Christian (b. 1951)
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De tsjerke fan Adamstown
-
De Bountybaai
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Toeristegids Adamstown by Travellerspoint (in)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adamstown fan Wikimedia Commons. |