Springe nei ynhâld

All My Life (liet fan Foo Fighters)

Ut Wikipedy
All My Life
algemiene ynformaasje
B-kant Sister Europe,
Win or Lose,
Danny Says,
The One
artyst Foo Fighters
album One by One
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 22 oktober 2002
opnommen Studio 606, Alexandria
maaie 2002
doer 4:24
label RCA
skriuwer Foo Fighters
produsint Nick Raskulinecz
Foo Fighters
fideoclip
Foo Fighters - All My Life (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 95
prizen 2003 - Grammy
sertifisearre Meksiko goud,
Grut-Brittanje platina

All My Life is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2002 en útbrocht op it fjirde album fan Foo Fighters One by One út itselde jier. All My Life is it earste nûmer op it album en waard op 22 oktober 2002 útbrocht as earste single fan it fjirde album. It wie de earste Foo Fighters single mei gitarist Chris Shiflett.

All My Life wie oarspronklik in ynstrumintaal nûmer, mar krige ferskate ferzjes. Ynearsten wie it ûnharmoanysk en lûdroftich, wêrby't it midden as Wipe Out (fan The Surfaris) klonk. Grohl hie gjin idee hoe't er it nûmer ynsjonge moast. Uteinlik is it in stevich hardrocknûmer wurden mei in tekst dy't oer seks giet.

Yn 2003 wûn de band in Grammy yn de kategory Best Hard Rock Performance foar it nûmer.

Oer de fideoklip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip waard regissearre troch Dave Grohl himsels; yn de fideosklip spilet de band it nûmer op it poadium foar in fideoskerm yn The Forum in Inglewood, Kalifornje, yn 'e omkriten fan Los Angeles (de fideo is eins opnommen yn Bakersfield's Mechanics Bank Arena, dy 't doe Centennial Garden hiet). Oan 'e ein wurdt dúdlik dat se optreden hiene yn stadion sûnder publyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN