Springe nei ynhâld

Anatoli Martsjenko

Ut Wikipedy
Anatoli Martsjenko
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anatoli Tichonovitsj Martsjenko
nasjonaliteit Sovjet
berne 23 jannewaris 1938
berteplak Barabinsk
stoarn 8 desimber 1986
stjerplak Tsjistopol
wurkpaad
reden
  bekendheid
dissidint

Anatoli Tichonovitsj Martsjenko (Russysk: Анатолий Тихонович Марченко) (Barabinsk, Oblast Novosibirsk, Oekraïne), 23 jannewaris 1938 - Tsjistopol, 8 desimber 1986) wie in dissidint yn de Sovjet-Uny.

Sûnt 1975 wie er lid fan in groep dy't stribbe nei it neilibjen fan de rjochten fan de minske, sa't dy formulearre waarden yn it slotakkoard fan Organisaasje foar Feilichheid en Gearwurking yn Europa.

Martsjenko waard mear as ien keat fêstset en brocht mistannen yn de wurkkampen en finzenissen yn de Sovjet-Uny oan it ljocht.

Dat makke him fertochte yn de eagen fan de Sovjet-autoriteiten en hy waard feroardiele fanwege anti-Sovjetagitaasje en propaganda. Nei goed 20 jier yn de finzenis, stoar er lang om let yn de finzenis fan Tsjistopol oan de gefolgen fan in hongerstaking.

Hy krige 1988 postúm as earste, tagelyk mei Nelson Mandela, de Sacharovpriis foar de Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: