Anna Bijns Priis
De Anna Bijns Priis waard troch de Anna Bijns Stichting ynsteld foar de bekroaning fan in Nederlânsktalige skriuwster. Anna Bijns, Antwerpen 1493 - 1575, wie in refreindichteresse en 'skoalmasteres' út Antwerpen.
De priis waard fan 1985 ôf twajierliks ôfwikseljend takend oan proaza en poëzy. It wie oarsronklik in oeuvrepriis. It oeuvre moast sawol yn styl, foarm, oanpak as tematyk útering jaan oan de realiteit en de ferbyldingswrâld fan froulju. Mei yngong fan 2005 is it in titelpriis wurden mei as haaddoel omtinken foar Nederlânske literatuer fan froulju.
De priis bestie út 10.000 euro, in keunstwurk fan Eric Don en in troch de winnares mei yn te foljen Anna Bijns Lêzing. Per 2016 hat de Anna Bijns Stichting de priis opheft om mear fokus lizze te kinnen op publykseveneminten.[1]
Laureaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985: Josepha Mendels - proaza
- 1987: Ellen Warmond - poëzy
- 1989: Inez van Dullemen - proaza
- 1991: Christine D'haen - poëzy
- 1993: Elisabeth Keesing - proaza
- 1995: Hanny Michaelis - poëzy
- 1997: Aya Zikken - proaza
- 1999: Hélène Nolthenius - proaza
- 2001: Marie Kessels - proaza
- 2003: Helga Ruebsamen - proaza
- 2005: Anneke Brassinga foar de bondel Timiditeiten - poëzy
- 2007: Wanda Reisel foar de roman Witte liefde - proaza
- 2009: Tjitske Jansen foar de bondel Koerikoeloem - poëzy
- 2012: Minke Douwesz foar de roman Weg - proaza
- 2014: Maria Barnas doar har bondel Jaja de oerknal - poëzy
Anna Bijns Lêzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012 Rachel Cusk
- 2013 Lionel Shriver
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |